Q&A: Wêrom't TenneT net ien, mar twa nije transformators by Tytsjerk wol

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar © Omrop Fryslân
De fraach nei stroom wurdt hieltyd grutter. Dêrom moat heechspanningsstasjon Louwsmar net ien, mar twa nije transformators krije. De operaasje om ien te ferfangen gie in jier lien op dramatyske wize mis, doe't it 250 ton swiere gefaarte troch it fean sakke.
Feit is dat der noch altyd gjin ferfangende transformator op it heechspanningsstasjon pleatst is. Dat moat hoe dan ek barre.
Dêrom is de netbehearder drok dwaande om út te finen hoe't se dat it bêste dwaan kinne. Dêrby wurde der plannen makke om net ien, mar twa transformators te pleatsen.
In werhelling fan it drama op 7 septimber 2022 wol TenneT fansels foarkomme. Doe sakke de kolossale transformator op it transport by Tytsjerk troch it fean en kantele er úteinlik fan de transportwein. Om it apparaat fan syn plak te krijen, moast er hielendal út elkoar helle en ôffierd wurde.
Arjen Bosselaar, dy't de saak folget, leit út hoe oft de flagge der op dit stuit by hinget.

Wêrom is in twadde transformator nedich?

Yn it hiele lân, en dus ek yn Fryslân, nimt de fraach nei elektrisiteit ta. Dat komt benammen trochdat bedriuwen en hûshâldingen fan it gas ôfgean. Dat kin it elektrisiteitsnet net oeral oan en dêrom moat it útwreide wurde.
Om bygelyks de kapasiteit op Louwsmar út te wreidzjen wol TennetT dêr takom jier net ien, mar twa transformators pleatse.

Wit TenneT wat der misgie mei it fuortsakjen?

Der is, likegoed foar as nei it ûngelok, wiidweidich ûndersyk dien nei de boaiem en de oarsaak fan it fuortsakjen. Dêr die út bliken dat de grûn it gewicht yn prinsipe drage koe. De âlde transformator is yn it foar ek fia itselde paad ôffierd.
Dochs gie it mis. TenneT sels seit dat der dêrfoar 'helaas geen eenduidige duidelijke oorzaak' fûn is út it ûndersyk. Se hâlde it op in kombinaasje fan feangrûn en in soad delslach yn de wiken foar it transport.

Wat is der bard mei de transformator fan ferline jier?

De omfallen transformator wie stikken en moast ôffierd wurde. Dat koe net mei in kraan, yn ferbân mei de problemen mei de ûndergrûn. Dêrom moast it apparaat op lokaasje demontearre wurde.
De fuortsakke transformator is op lokaasje demontearre
De fuortsakke transformator is op lokaasje demontearre © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Dat is dien troch in spesjalisearre bedriuw, Neffens TenneT is hast 97 persint fan it materiaal weromwûn as 'primaire grondstof.' It giet om ûnder oare koper, blik en metaal, dêr't de transformator út bestiet. Dit materiaal wurdt wer ynset as grûnstof foar nije produkten.

Hoe giet it no fierder?

Der moat fansels noch altyd in nije transformator komme op heechspanningsstasjon Louwsmar. Dêrom is TenneT nei it opromjen fan de kapotte transformator begûn mei ferskate ûndersiken. Se wolle fansels gjin werhelling fan it eardere ûngelok.
Dêr wurde op dit stuit ferskate transportrûten ûndersocht. Dat duorret langer as dat it bedriuw hope, mei troch it minne waar fan de ôfrune moannen.

Wannear komme de nije transformators op it stasjon?

It wurk op stasjon Louwsmar foar de ekstra transformator is yntusken klear, útsein it pleatsen en ferfangen fan wat lampen en skeakelkasten.
Yn it twadde fearnsjier fan 2024 wurdt der beslist hoe't de transformators te plak komme moatte. Dan wurdt der ek beslist wannear't dat plakfine sil.