Resinsje 'Drie Zussen' troch Meeuw: in boadskip mei in knypeach

Henk te Biesebeek
Henk te Biesebeek © Omrop Fryslân
De foarstellingen fan jeudteäterskoalle Meeuw binne alle kearen wer in ferrassing. Mei de nije foarstelling 'Drie Zussen' makket it selskip boppedat klassyk toaniel tagonklik foar in jong publyk.
Mar ek de folwoeksen taskôger kin genietsje fan dizze eigentiidske bewurking. Folop boartlike humor, mar sûnder foarby te gean oan de sin fan it libben. In foarstelling foar de hiele famylje.
Hoefolle kearen haw ik it toanielstik 'Drie Zussen' fan de Russyske skriuwer Anton Tsjechov no wol net spyljen sjoen? Fan pretinsjeuze teäterfoarstellings oant in iepenloftspul ta.
Fan suver klassike opfieringen oant eksperimintele bewurkingen yn in modern jaske. En op in lytse útsûndering nei hast allegearre fan nivo. Want Tsjechov bliuwt Tsjechov en syn masterwurk 'Drie Zussen' in klassiker.
Tsjechov yn in modern jaske op diskomuzyk
Tsjechov yn in modern jaske op diskomuzyk © Lucas Kemper
Foar regisseur en artistyk lieder Hilde Mulder fan jeugdteäterskoalle Meeuw yn Ljouwert bliuwt 'Drie Zussen' ien fan de moaiste toanielstikken dy't se ea sjoen hat.
Tritich jier lyn makke Mulder foar Meeuw al in earste bewurking. Bewust keazen foar toanieltalint út Fryslân. "Omdat foar Fryske jongelju de emoasje fan it ûnferfolle langstme fan de haadpersoanen sa werkenber is", sa fertelde Mulder koartlyn noch yn Op & Ut by Omrop Fryslân.
"Dat gefoel dat se fêstsitte oan de plattelânskultuer, wylst it echte libben him bûten de provinsje, yn de grutte stêd, ôfspilet."

Saai en simpel

'Drie Zussen' ferhellet ommers yn de oarspronklike tekst fan Tsjechov oer de dochters fan in Russyske legeroffisier, dy't as widner mei syn húshâlding Moskou ferliet om befelhawwer te wurden fan in garnizoen yn in lytse provinsjestêd.
De bern, trije sussen en in broer, groeie op yn wielde mei alle oandacht foar wittenskip, keunst en kultuer. Nei de dea fan harren heit docht al gau bliken dat se lykwols gjin inkelde oansluting ha mei de saaie en simpele doarpsmienskip om har hinne.
Se wolle noch mar ien ding. Fuort út dizze ellinde en werom nei de twirjende oantinkens út har jeugd. It langstme nei it it meislepende libben yn de grutte stêd.
Pieter van Aalst en Oane Marten van der Veen op 'e dreef as Mick en Storm
Pieter van Aalst en Oane Marten van der Veen op 'e dreef as Mick en Storm © Lucas Kemper
Yn dizze nije bewurking troch jeugdteäterskoalle Meeuw wurdt dy fertaalslach nei de belibbingswrâld fan de jonge generaasje Friezen noch mear makke.
Kompliminten wat dat oanbelanget foar teäterdosint Carlo Scheldwacht dy't mei syn bewurking dizze klassiker benammen foar eigentiidske jongelju tagonklik makke hat.

Flotte famkes

Sa is bygelyks de oarspronklike haadstêd dêr't de haadpersonaazjes nei werom wolle, transormearre fan Moskou nei Amsterdam. De regionale kazerne ferwurden ta in dependânse fan in lanlike universiteit, de Angela Merkel Academy for Leadership. En de oarspronklike soldaten fan Tsjechov ha plak makke foar moderne studinten.
Sels de nammen fan de haadrolspilers binne oanpast. Net langer Olga, Maria en Irina, mar Zonne, Sterre en Luna. Flotte famkes, dy't har yn moderne klean en mei in longdrink yn 'e hân fermeitsje op diskomuzyk. Sels broerleaf Anrej hjit no fan Storm en is gokferslave. Kin it aktueler.
In kreas skouspul mei fraaie kostéms yn in funksjoneel dekôr
In kreas skouspul mei fraaie kostéms yn in funksjoneel dekôr © Lucas Kemper
Aldergeloks is de kearn fan it oarspronklike wurk wol oerein bleaun: in sosjaal kritysk leafdesdrama. Mei oan 'e ein ek noch in duel mei de dea as gefolch.
En it is hast foar ús Friezen misledigjend as soan Storm fereale wurdt op in famke út it doarp. Sy wurdt nammentlik net akseptearre fanwege har ienfâldige boereklean. Boppedat wurdt se ek nochris útlake fanwege har stomme taalgebrûk. Want jawol, se praat Frysk. Stom net?

Tragyk

Dat krekt dizze frou hast ûnferbidlik letter alles en eltsenien nei de hân wit te setten, kin gjin pleister op de wûne mear hjitte. It jout sels in bittere neismaak. It makket de tragyk kompleet.
Dochs hat benammen de humor mei no en dan in subtile kwinkslach de oerhân dizze foarstelling. It is in genot om te sjen mei hoefolle nocht, wille en feardichheid de groep fan leafst 13 spilers op it poadium in hecht ensemble foarmet, en sa mei folle oertsjûging in klassyk stik foar in jong publyk tagonklik wit te meitsjen.
Troch jongelju, foar jongelju! Wêrfan't oars ek foar de folwoeksen taskôger genôch te genietsjen falt.
Byld út de foarstelling
Byld út de foarstelling © Lucas Kemper
Dat wol net sizze dat it oanstoarmjend talint mei dizze foarstelling ek al in plak yn it 'echte' teäter ôftwongen hat. Want nettsjinsteande it oanstekkende skouspul fan Meeuw, bliuwt it oarspronklike stik fan Tsjechov yn de kearn in stik wêryn't de sin fan it libben, de moraal fan it bestean sintraal stiet.
Foar de nedige subtile djipgong binne de gebearen, diksje en toansetting fan de spilers diskear lykwols krekt wat te grut en oermjittich. En mist de foarstelling it emosjonele raffinemint om de taskôger echt te reitsjen.

Takomst

Mar drommels, wat wurdt der hearlik spile. Yn de folle breedte fan it toaniel. Oeral falt wol wat te sjen. De kreas fersoarge kostúms en it dekôr sette boppedat de kers op 'e taart. En mei it each op de steande ovaasje en it golle appalus nei ôfrin hie benammen it jonge publyk dizze jûn gjin ferlet fan mear djippere lagen.
It bliuwt moai dat oars as yn it oarspronklike stik fan Tsjechov de trije susters dizze kear net belies jouwe en fêsthâlde oan harren ideaal.
De jeugd hat de takomst! En it poadium. Dizze nije foarstelling fan Meeuw is dêrfan in bewiis.
De foarstelling is noch te sjen op 17 jannewaris yn De Lawei te Drachten, 23 jannewaris yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean, 31 jannewaris yn Theater Sneek en 7 febrewaris yn De Koornbeurs yn Frjentsjer.