Keapjûnen ferdwine út it Fryske strjitbyld: "Eins is it sa goed as klear"

Tsjusterte op strjitte: yn Sint Anne is gjin keapjûn mear
Tsjusterte op strjitte: yn Sint Anne is gjin keapjûn mear © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Tsjustere strjitten, tichte winkels en hast gjin minsk mear bûten. Yn lytsere doarpen is er al ferdwûn: de keapjûn. Lokale ûndernimmers wrakselje dêrmei, docht bliken út in rûngong.
Yn in soad gefallen weagje de opbringsten net mear op tsjin de kosten dy't de keapjûnen freegje.
Akkrum hat sûnt de coronaperioade gjin keapjûn mear, fertelt Veroni Veldstra. Sy is bestjoerslid fan de feriene ûndernimmers Akkrum-Nes.
"It is opholden op de freed doe't corona kaam. En sûnt dy tiid is alles ticht bleaun. De bakker, de tsiiswinkel, boekhannel en de optisien. Alles bliuwt ticht."
Keapjûnen ferdwine út in soad Fryske doarpen
De situaasje is yn Wommels itselde. "Eins is it sa goed as oer", seit Grietje van der Velde oer de keapjûn. Se hat in warehûs yn it doarp. "Foar de coronatiid wie it ek al te bespeuren dat it winkelgedrach oars waard", seit se.

Keapmominten ferskowe

"De keapjûnen waarden minder en nei de lockdowns ha we net mear iepen west." Neffens har diele minsken harren keapmominten oars yn. "It ferskoot, oer oare deidielen. Nei corona is dat mear nei de tongersdei, freed en it wykein ta gien."
De sektor fan de ferkeap, de retail, hat it al in skoft dreech. It minimumlean is omheech gien en de personielskosten binne tanaam. Dêrneist rinne de kosten op troch hegere hieren en enerzjyprizen.
Krystguod yn de winkel
Krystguod yn de winkel © Omrop Fryslân
Foar ûndernimmers dy't troch corona útstel hiene fan it beteljen fan belesting, is de skuld hast net mear op te bringen.
Konsuminten geane troch de hjoeddeiske ynflaasje foarsichtiger om mei harren jild. It gemak fan it online winkeljen makket dêrby de needsaak om nei in fysike winkel ta te gean minder heech, hielendal op jûntiid.

Supermerken

Op de freedtejûn is it no stil yn de winkelstrjitte fan Sint Anne. Nei de simmer ha de lêste ûndernimmers besletten om net mear iepen te gean.
Yn de tsiiswinkel
Yn de tsiiswinkel © Omrop Fryslân
De swiere coronatiid is neffens John Ynema net de iennige faktor wêrtroch't keapjûnen foar winkels net mear út kinne.
"De supermerken binne alle jûnen iepen. Ik wol net de finger dêr gelyk op lizze, mar je kinne no altyd terjochte. Dus it spesjale fan de keapjûn is der no wat ôf."
Ynema hat sels in ytkafee yn de winkelstrjitte fan Sint Anne en is foarsitter fan de ûndernimmersferiening. "Allinnich de supermerken, drogist en hoareka binne iepen. Op himsels is dat wol skande. Mar as it weromrint, kin ik de ûndernimmers ek wol begripe."
Ik seach it net mear sitten.
Akke van Dijk is al langer lyn opholden mei de keapjûn
Akke van Dijk is tsien jier lyn al opholden mei de keapjûn fan har 'winkeltsy'. "Ik seach de feroaring doe al. De minsken woene thús wêze en telefyzje sjen. En sneons kamen se wol wer."
Ut solidariteit mei har kollega-ûndernimmers hat se noch twa jier iepen west, mar dêrnei wie it klear. "Want ik seach it net mear sitten."
Undernimmer Akke van Dijk fan Sint Anne
Undernimmer Akke van Dijk fan Sint Anne © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Personielskrapte soarget der ek foar dat de keapjûn yn bygelyks Stiens ûnder druk stiet.
Net alle ûndernimmers dogge deroan mei, seit Renze Broekens as foarsitter fan de ûndernimmersferiening. "It personielsaspekt hat ynfloed op de selsstannigen om it alle jûnen bemanje te kinnen."

Gjin personiel

Undernimmer Niels Gruter sjocht de personielskrapte yn Wolvegea, al wurdt der neffens him net maklik oer de problemen praat.
"Het is een gevoelig onderwerp. Je hebt een winkel om open te zijn op het moment dat de klant je zoekt, maar je hebt ook nog een thuissituatie als ondernemer. Als er ook een gezin bij komt kijken, dan is het helemaal een uitdaging."
Guon ûndernimmers ha it yn Wolvegea dreech troch de werombetellingsregeling nei corona en binne dêrtroch ek net iepen.
Dochs is hy fan betinken dat der in ienheid nedich is, om't der no wikseljend mei de keapjûn omgien wurdt. Dêr sille neffens Gruter de kommende tiid yn Wolvegea noch petearen oer fierd wurde.
Alien Wijnstok
Alien Wijnstok © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Dochs binne der ek plakken dêr't it op de keapjûn just wol brûst, sa as op De Gordyk. De juwelierssaak fan Alien Wijnstok en har man is altyd op freedtejûn iepen. "Do kinst it net meitsje om ticht te gean, want minsken komme oars foar neat en dan komme se net wer."

Eltsenien docht mei

Baukje van der Vugt sit sa'n oardel jier mei har delikatessewinkel op De Gordyk. Foar har hat de keapjûn net in diskusje west.
"Fansels binne der wolris jûnen by dat ik tink: ik bin bliid dat ik der sels stean en net in hiel djoere krêft", seit Van der Vugt. Mar ticht giet se net.
Klanten op de keapjûn op De Gordyk
Klanten op de keapjûn op De Gordyk © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De groep ûndernimmers op De Gordyk besiket it foarinoar te krijen dat eltsenien meidocht. "Want hoe mear winkels der iepenbliuwe, hoe better it is. Ik leau dat it op De Gordyk wol goed giet, dus dêr binne we bêst grutsk op", seit Wijnstok.
Yn Stiens besykje se dat ek sa lang mooglik. "It is gewoan dreech om jûns minsken út de stoel wei te krijen, hielendal foar in doarp as Stiens", seit Broekens. "Mar we sille net gau sizze: we skaffe it ôf."