Foppe de Haan ferbrekt him net gau: "Frysk prate is it lekkerst"

Foppe de Haan
Foppe de Haan © ANP / Omrop Fryslân
As it heal kin, brûkt er it Frysk. Foppe de Haan sil him net gau ferbrekke. "As in oar it ferstiet, dan praat ik Frysk. Dat fyn ik it lekkerst."
De âld-fuotbaltrainer past him grif oan, as it moat. "Mar de measten dy't it net sels prate, fersteane it wol. Dat freegje ik se ek. As se it echt net fersteane, dan pas ik my derop oan. Mar de measten fersteane it úteinlik wol. Friezen moatte net ûnderdienich wêze."
By syn klup, sc Hearrenfean, kin De Haan (80) mear as de helte fan de tiid it Frysk brûke. "De measte supporters, sponsoaren en minsken dy't by de klup wurkje, binne Frysktalich. De jeugdtrainers ek, dy fersteane hast allegear Frysk. Mei de fuotballers is it oars."

Spilers leare Fryslân kennen

Yn it earste alvetal fan Hearrenfean komt fierwei it grutste part fan de spilers fan bûten Fryslân. Dat wie yn De Haan syn tiid as haadtrainer net oars. "Mar ik fûn dat se wol witte moasten wat Fryslân wie, dus dan liet ik se aktiviteiten dwaan: fierljeppe, skûtsjesile, keatse."
July 2000 yn Drylts: Foppe de Haan hellet de oerkant by it fierljeppen, de seleksje sjocht ta
July 2000 yn Drylts: Foppe de Haan hellet de oerkant by it fierljeppen, de seleksje sjocht ta © ANP
De ploech hat sels ris nei de Fryske Akademy west. "Meiwurkers dêr ha doe ferteld wat de ferbining tusken Skandinavië en Fryslân wie. Dat fûnen se earst apart, mar ek hiel moai. We hienen in soad spilers út Sweden, Noarwegen en Denemarken, dy fûnen dat faak hartstikke nijsgjirrich."
"Der binne guon by, dy't nei in skoft sels wat Frysk praten, sa as Jon Dahl Tomasson. Dat wie mar in bytsje Frysk, en ek foaral as kuriositeit, mar se fûnen it moai."
Maart 1997, Hearrenfean-Feyenoord: Jon Dahl Tomasson fiert in goal, mei links Jeffrey Talan en rjochts Johan Hansma
Maart 1997, Hearrenfean-Feyenoord: Jon Dahl Tomasson fiert in goal, mei links Jeffrey Talan en rjochts Johan Hansma © ANP
Dat jilde net allinnich foar de Skandinavyske spilers, fertelt De Haan. "De spilers út Nederlân fûnen it soms ek nijsgjirrich. Sa'nien as Anthony Lurling (út Den Bosch, red.) koe ek wol in bytsje Frysk prate. As dy spilers hjir by Hearrenfean te spyljen kamen, sieten se yn in gastgesin. Dy wienen faak Frysktalich, dus sa pikten se de taal wol op."

Fryske les

En dat dienen se net allinnich yn gastgesinnen. Nei't Hearrenfean de twillingbruorren Dennis en Gérard de Nooijer út Seelân fêstlein hie, makke in kameraploech fan de NOS in reportaazje oer hoe't dy twa Fryske les krigen.
"It wie gjin ferplichting, hear", leit De Haan út. "Dat wie foar de aardichheid, mar se dienen it omdat se it moai fûnen. Dy jonges wennen midden yn in Fryske buert en praten graach mei de buorlju. Se woenen der echt by hearre."
Novimber 1998 yn Varaždin (Kroäsië): Foppe de Haan besjocht de balbehanneling fan Gèrard de Nooijer op in training
Novimber 1998 yn Varaždin (Kroäsië): Foppe de Haan besjocht de balbehanneling fan Gèrard de Nooijer op in training © ANP
In goede saak, as it oan De Haan leit. It Fryske DNA heart by sc Hearrenfean. Dat hat te krijen mei wêr't de supporters weikomme en mei de minsken dy't der wurkje.
It heart ek in bytsje by de omgongsfoarmen.
Foppe de Haan oer it brûken fan de Fryske taal by sc Hearrenfean
"Op de kommersjele ôfdieling wurkje in soad Friezen, jonges út de buert. Dy ha wer kontakt mei sponsoaren, dêr sitte ek in soad Friezen by."
Dat fernimst ast op de klup komst. "Ast yn de ûndernimmerssosiëteit bist, kinst gerêst Frysk prate. Dat heart ek in bytsje by de omgongsfoarmen."
July 2001: Foppe de Haan mei foarsitter Riemer van der Velde
July 2001: Foppe de Haan mei foarsitter Riemer van der Velde © ANP
Oft dat yn de takomst noch sa is, wit De Haan net. "Ik tink wolris nei oer de takomst fan it Frysk. Dat begjint thús en op skoallen. Op skoalle ha se ferplicht Fryske les, mar ik ha fan myn pakesizzers wol begrepen dat dat net al te folle foarstelt."
"As je it dogge, moatte je it goed dwaan. Bist altyd ôfhinklik fan wa't foar de klasse stiet. As dy der aardichheid oan hat en der tiid ynstekt, dan is it goed. Mar guon dogge it allinnich omdat it moat."
As ik in moai Frysk boek lês, jou ik it troch.
Foppe de Haan
Sels besiket er yn alle gefallen sa faak as it kin Frysk te praten. Dat wie al sa doe't De Haan as lyts jonkje opgroeide yn Lippenhuzen. "Dat wie al Frysk en dat ha we ek sa oerdroegen. Us dochter wennet mei har húshâlding yn de kop fan Drinte, mar se prate allegear Frysk."
Dêrnjonken wol De Haan syn stientsje bydrage troch sa no en dan ris in boek út te lienen. "As ik in moai Frysk boek lês, jou ik it troch. Lêsten ha ik dy nije fan Hylke Speerstra lêzen, 'Testamint fan de siel'. Dat wie o sa moai. Op it stuit ha ik 'm útliend."

"Measten fersteane it wol"

Friezen sels kinne dus ek wat dwaan om de taal oerein te hâlden. "Je moatte net per definysje Nederlânsk prate. As der in gearkomste yn in doarp is, is dat faak yn it Nederlânsk, omdat elkenien it ferstean moat. Dat moat ek, mar it begjint mei de persoan dy't it liedt, dy moat sizze: we dogge it hjoed yn it Frysk. Want de measten fersteane it úteinlik dochs wol."
Der wurdt op it stuit wurke oan in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy moat eltse fjouwer jier op 'e nij opsteld wurde. Yn de BFTK wurde ambysjes en plannen fêstlein op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.
Ut ferskate hoeken binne foarstellen yntsjinne, bygelyks út de kultuer, rjochtspraak en it ûnderwiis. Omrop Fryslân liet yn in rige artikels minsken út ferskate fjilden oan it wurd oer it Frysk.