Skeel oer stek tsjerke Goutum
It oanbesteegjen fan de restauraasje fan it stek om de tsjerke fan Goutum hinne moat opnij dien wurde. Dat hat de rjochtbank bepaald. It wurk wie nei in iepenbiere ynskriuwing gund oan Smederij Visser, mar ien fan de oare ynskriuwers wie it dêr net mei iens. It giet om it bedriuw Alzerda dat it foar de leechste priis dwaan koe. It bedriuw stapte dêrop nei de rjochter. Dy fynt sjoen de regels net dat Alzerda it wurk dwaan moat, mar it fynt ek dat it net gund wurde mei oan Smederij Visser.