Bilkerts bang foar 'groepen'

Jongerein © Omrop Fryslân
Ynwenners fan de gemeente It Bilt sjogge oerlêst troch groepen as grutste foarm fan bedriging. Dat docht bliken út de Veiligheidsmonitor 2011. Dêrfoar waarden 600 ynwenners frege nei harren gefoel fan feiligens. 17,5% jout oan him wolris ûnfeilich te fielen.
De Bilkerts fine rommel op 'e dyk, hûnestront en hurdriders ek in probleem. Sy sizze fierder dat de plysje te min sichtber is. 55% fan de ûnderfrege Bilkerts fynt dat de diken en paden yn de gemeente goed ûnderholden binne. De Veiligheidsmonitor wurdt om de twa jier hâlden.