Piet Venema, iismaster fan de Alvestêdetocht fan 1997, ferstoarn

tocht
Piet Venema yn 1996, doe't de Alvestêdetocht úteinlik net trochgie © Omrop Fryslân
IIsmaster Piet Venema fan Makkum is ferstoarn. Hy waard benammen bekend fan de Alvestêdetocht fan 1997. Venema waard 91 jier.
Venema waard ein tachtiger jierren iismaster by it Alvestêdebestjoer, doe't Henk Kroes foarsitter waard. Hy makke ien Alvestêdetocht mei as iismaster, dy fan 1997. Yn syn rol wie Venema de einferantwurdlike foar de kwaliteit fan it iis. Yn 2002 hold er op.
Sels ried Venema fjouwer kear de Alvestêdetocht, foar it earst yn 1956. "Doe mocht ik 'm fan ús mem ride", sei er dêr letter oer. "Ik wit noch dat it bysûnder moai iis wie. Der lei in soad snie, mar it iis wie hiel moai." Dat jier waard er 45e.

1997 dreger as 1963

By 'de hel fan 1963' wie Venema der ek by as wedstriidrider. Doe mocht it eins net fan mem, mar heit hie sein 'dat moat altyd wêze'. Venema kaam as njoggende oer de streek. "Hij reed zelfs even voorop", seit Bas Sleeuwenhoek, dy't Venema in pear jier lyn spruts foar syn boek IJsmeesters. "Hij was een heel goede schaatser."
En yn tsjinstelling ta in soad oaren, fûn Venema de tocht fan 1963 net dreech. "Ik hie der altyd foar traind. Folle dreger wie doe't ik letter yn it bestjoer siet en yn 1997 beslute moast oft de tocht trochgean koe."
Hielendal omdat it it jier dêrfoar op it nipperke net trochgien wie. Dat wie gjin ienfâldich beslút. Sleeuwenhoek prate dêr ek mei Venema oer. "Dat is het lastige aan het ambacht ijsmeester: als het hard vriest, denkt iedereen dat er een Elfstedentocht aankomt. En jij moet dan uitleggen waarom het bijvoorbeeld niet kan."
piet
Piet Venema yn 1996 © Omrop Fryslân
Sa moast Venema dus ek minsken teloarstelle. "Hij was nuchter, maar het kan best lastig zijn als je volop in de belangstelling staat. De pers belegerde zelfs zijn huis, dus privé was dat een zware periode."
Yn 1997 koe de Tocht wol trochgean, al hie Venema doe wol noed oer de situaasje by Snits. "Dat wie it iennige knipepunt, dêr hie ik soargen oer", fertelde er dêroer.
Uteinlik koe it mei in klúnplak oplost wurde. "Doe't om 12.00 oere elkenien troch Snits wie, wie de dei foar my al slagge."
As it yn jo perioade as iismaster foarkomt, is it fantastysk.
Piet Venema oer de Tocht fan 1997
"De hiele perioade wie in geweldich hichtepunt", seach Venema letter werom. "Sa faak kinst in Alvestêdetocht net organisearje. Dat is gemiddeld ien kear yn de fyftjin jier. As it dan yn jo perioade as iismaster foarkomt, is it fantastysk."
piet
Piet Venema mei Henk Kroes, in pear dagen foar de Alvestêdetocht fan 1997 © ANP
De dagen foar en nei de Tocht fan 1997 wie Venema net út de media wei te slaan. "In iismaster moat witte hoe't er mei it iis omgean moat, hy moat skaatse kinne, mar hy moat ek stressbestindich wêze, dat wit ik no wol", sei er dêr letter oer. "It wie in aparte tiid."
Piet Venema sjocht werom op de Alvestêdetocht fan 1997:
Piet Venema sjocht werom op de tocht fan 1997
Nei't Venema yn 2002 opholden wie as iismaster, bleau er aktyf. Hy fûn it wichtich om fitaal te bliuwen. "In 2018 was er een fotosessie in Hindeloopen met mensen uit de historie van de Elfstedentocht", fertelt Sleeuwenhoek. "Toen was Venema helemaal van Makkum naar Hindeloopen gefietst. Dat was verbazingwekkend."