Fiif Friezen yn Twadde Keamer

Twadde Keamer © ANP XTRA
Ofgeand op de prognoaze fan de ferkiezingsútslach is Fryslân aanst mei fiif keamerleden fertsjinwurdige yn Den Haach. Foar de PvdA komme Lutz Jacobi en Jacques Monasch opnij yn de Keamer. Foar de VVD bliuwt Anne Wil Lucas sitten en datselde jildt foar Magda Berndsen fan D66. Sander de Rouwe fan it CDA bliuwt ek yn de Keamer.
As de VVD yn it kabinet komt, is it frijwol wis dat Aukje de Vries fan Ljouwert in sit yn de Twadde Keamer krijt. Sij stiet op it 45ste plak op de list fan de VVD.