Skylgers op besite op Griend

It fûgeleilân Griend yn de Waadsee is sneon besocht troch sa'n 180 minsken en dat is hiel bysûnder. Sûnt de 18de ieu is it eilân net mear troch minsken bewenne. It is fan de fûgels, en de iennichsten dy't der oare komme meie binne de fûgelwachters.
It is sadwaande by hege útsûndering dat sneon de leden fan Stichting Ons Schellingerland op ekskurzje koene nei 'it Gryn'. De Skylgers hiene yn alle gefallen moai waar by harren ekskurzje.