Stêden Brâban betelje foar KH

© Omrop Fryslân
De fiif grutte stêden yn Brabân drage elk 10 miljoen euro by as harren provinsje de titel Kulturele Haadstêd (KH) 2018 binnenhellet. De gemeenterieden fan Tilburg en Breda hiene earst twifels, mar stypje it plan no ek. Earder wiene Eindhoven, Den Bosch en Helmond al akkoart gien. Alle bydragen by-inoar opteld hat Brabân no in budzjet fan 140 miljoen euro.
Eindhoven is kandidaat foar de Europeeske kulturele haadstêd yn 2018, lykas Ljouwert dat is foar Fryslân.