Moordvrouw net wer yn Fryslân

It twadde seizoen fan de RTL4-searje Moordvrouw spilet him net mear ôf yn Fryslân. De earste rige wie sponsore troch Fryslân Marketing, mar no't dy organisaasje ôfheakke is, wurde de opnames fan de plysje-searje dien yn it Goai. Haadrolspylster Wendy van Dijk lit yn in reaksje witte dat se dêr wol bliid mei is, om't se no net hieltyd wer de Ofslútdyk oer hoecht en lang fan hûs is. De ôfrûne tiid wie der in soad diskusje oer in bedrach fan ien miljoen euro dy't it Samenwerkingsverband Noord Nederland mei Fryslân Marketing yn de searje stuts.
Doel wie om Fryslân te promoatsjen.