Byldzjend keunstner Jerre Hakse (86) ferstoarn

Jerre Hakse
Jerre Hakse © www.jerre-hakse.nl
Keunstner Jerre Hakse is op ôfrûne tiisdei yn Amsterdam ferstoarn. Hy is 86 jier wurden. De skilder, tekener en byldhouwer makke ekspresjonistysk wurk.
Jerre Wouter Hakse waard berne yn Ljouwert yn 1937. Nei de ambachtsskoalle wurke er as etaleur/dekorateur en folge er yn de jûnsoeren de Kunstnijverheidsschool. As keunstner wie er autodidakt. Yn de santiger jierren waarden bylden fan him pleatst yn de iepenbiere romte.
Nei't er yn de tachtiger jierren bûten de provinsje wenne, kaam er begjin njoggentiger jierren werom nei Fryslân, út ûnwennigens. Yn 1999 kocht er in pân oan de Grote Kerkstraat yn Ljouwert dêr't er neist syn atelier ek in galery hie. Nei tweintich jier ferkocht er yn 2020 dat pân.
Mijn schilderijen zijn mijn dagboek. Zij zijn de spiegel van mijn stemmingen, van mijn verdriet, mijn vreugde.
Jerre Hakse
Oer syn wurk sei er: "Mijn schilderijen zijn mijn dagboek. Zij zijn de spiegel van mijn stemmingen, van mijn verdriet, mijn vreugde. Ik zoek niets en eigenlijk alles. Ik verlaat me op mijn gevoel. Ik werk om te kunnen uitdrukken. Het resultaat is niet altijd wat ik had gedroomd, maar misschien is het wezenlijke toch gebleven."
Keunstner Jerre Hakse
Jerre Hakse yn in reportaazje út 1996 © Omrop Fryslân
Yn 1993 makke Johan van der Zee foar it telefyzjeprogramma Van Gewest tot Gewest in lange reportaazje mei de Ljouwerter keunstner Jerre Hakse, dy't besocht hie nei Hollân te gean, mar Fryslân dochs leaver hie. We sjogge in soad fan syn wurken, ek de tastânkomming dêrfan.
Van Gewest tot Gewest seach yn 1976 yn Triotel, de foarrinner fan it Ljouwerter sikehûs MCL. Dat hiene se tsien jier earder ek al dien, doe't it oprjochte waard. Ek dêr binne bylden fan te sjen.
Besjoch de reportaazje fan Johan van der Zee mei Jerre Hakse út 1993: