Dichter en Gysbert-winner Jacobus Q. Smink (69) ferstoarn

Jacobus Quiryn Smink, doe't er yn 2013 de Gysbert Japicxpriis wûn
Jacobus Quiryn Smink, doe't er yn 2013 de Gysbert Japicxpriis wûn © Omrop Fryslân
Dichter Jacobus Quiryn Smink is ferstoarn. Yn 2013 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel Sondelfal. Smink is 69 jier wurden.
Smink waard berne yn 1954 yn Sondel. Hy wie boeresoan en kaam út in húshâlding fan njoggen. Hy folge de stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding yn Grins. Nei syn ôfstudearjen ferhuze er yn 1980 nei Brabân.
Sûnt 1983 wenne er yn Eindhoven dêr't er wurke as dosint Nederlânsk.
Jacobus Q. Smink krijt de Gysbert Japicxpriis út hannen fan Jannewietske de Vries
Jacobus Q. Smink krijt de Gysbert Japicxpriis út hannen fan Jannewietske de Vries © Omrop Fryslân
Op de middelbere skoalle begûn Smink al mei skriuwen. Yn syn studintetiid kaam er yn 'e kunde mei dichter Tsjêbbe Hettinga; dat makke him der bewust fan dat er yn it Frysk skriuwe woe.
Yn 1972 debutearre Smink yn literêr tydskrift Hjir mei in koart ferhaal en in fers. Yn 1983 ferskynde de earste bondel Apàrte fersen. Yntusken wie er lid fan de redaksje fan Hjir wurden, ûnder de namme Jacobus Q. Smink. Dy Q, foar Quiryn, hie er der sels by betocht.
Mei ûnderbrekkingen bleau Smink oan it tydskrift ferbûn, ek doe't Hjir yn 2009 opgie yn Ensafh. Yn augustus 2022 publisearre er dêr foar it lêst.
Foar de bondel Sondelfal (út 2009) krige er de Gysbert Japicxpriis yn 2013. It sintrale tema yn dy bondel foarmje de jeugdoantinkens út Sondel en de konfrontaasje mei it no. Yn 2019 ferskynde syn bondel Sierreis.
Yn 2013 krige Jacobus Q. Smink de Gysbert Japicxpriis útrikt:
Smink sette in tal boeken út de wrâldliteratuer oer yn in Frysk, lykas It Achterhûs fan Anne Frank, De lytse prins fan Antoine de Saint-Exupéry, Ronja de rôversdochter fan Astrid Lindgren en Smoarge Piter (Der Struwwelpeter) fan Heinrich Hoffmann.