Kantoar FIOM mooglik ticht

Foar it kantoar fan FIOM yn Ljouwert driget mooglik sluting fanwege lanlike besunigings. In diel fan de acht meiwurkers krije mooglik ûntslach. It ryk moat 3 miljoen besunigje. De FIOM tsjinnet dêr in beswierskrift tsjin yn by it ryk, mar is al wol dwaande mei de tariedings foar in reorganisaasje.
FIOM helpt jonge froulju dy't yn ferwachting binne sûnder dat se dat wolle by adopsje. De organisaasje sit al fjirtich jier yn Ljouwert en helpt alle jierren hûnderten froulju.
De FIOM hat tsien kantoaren yn hiel Nederlân. As de besunigings trochgean soe de festiging Ljouwert ticht gean foar opfang. Der soe dan in databank en ekspertizesintum oerbliuwe yn de Fryske haadstêd. FIOM hopet mei it beswierskrift de besunigings fan tafel te krijen, al is it mar foar in part.