Nij Smellinghe bliid mei Klink

It advys fan âld-minister Klink om 4 oant 7 miljard euro te besparjen yn de soarch is in goeie saak. Dat seit foarsitter Littooy fan 'e ried fan bestjoer fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. Klink skriuwt dat húsdokters, sikehuzen en âldereinsoarch mear gearwurkje moatte. Ek soene der minder dûbele ûndersiken komme moatte. Neffens it rapport bart it faak dat by bern de mangels knipt wurde wylst dit neat opsmyt.
Littooy seit dat syn Nij Smellinghe hiel sunich is, mar fynt dat der wol folle mear gearwurking komme yn de soarch komme moat.