Oanhâldings yn Surhústerfean

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei twa minsken oanhâlden dy't fertocht wurde fan it fersteuren fan de Sinteklaze-yntocht yn Surhústerfean fan ôfrûne sneon. De jonge bestjoerder ried mei hege snelheid en piipjende bannen oer de Kolk, dêr't in soad publyk op Sinteklaas stie te wachtsjen. In 57-jierrige frijwilliger spruts him oan op syn gedrach, mar dat soarge foar rûzje. De frijwilliger rûn dêrby trije kniesde fingers en in skuord ear op.
De bestjoerder en syn passazjier binne no oanhâlden en fêstsetten, de auto is yn beslach nommen. De plysje wol noch graach fan tsjûgen hearre wat der krekt bard is.