Yn Denemarken heart fisker Jan Mossel de see fan syn hûs ôf: "Prachtich plakje"

003
Jan Mossel (yn it midden), mei nêst him syn frou © Omrop Fryslân
Nei't er klear wie mei de fiskersskoalle, gie Jan Mossel út Ie mei in beamkotter it wetter op by Denemarken. No wennet er yn dat lân en leart de seeman Deensk mei help fan Donald Duckjes.
Jan Mossel is troch syn heit opgroeid yn de fiskerij. Doe't Mossel tolve jier wie, gie er nei de fiskersskoalle. Hy twivele noch om boer te wurden, mar de kar foel úteinlik op de see. Lykas mear famyljeleden besleaten.
"Nei de fiskersskoalle bin ik twa moannen meigien op de Zoutkamp 16. Dat is in grutte fiskersboat, in beamkotter", fertelt Mossel (55). Op dizze wize kaam er yn oanrekking mei Denemarken, want dat is it lân dêr't it skip lei. "Dêr giene we mei in buske of mei it fleantúch hinne, fan Eelde ôf."

Fiskersdoarp Thyborøn

As it stoarme, koe de bemanning net fiskje en bleau se hingjen yn it fiskersdoarp Thyborøn, yn it noardwesten fan Denemarken. Ek it plak dêr't er no wennet. "Gelokkich wiene der Deenske froulju, haha. En boppedat relatyf in soad Nederlanners. In stik as fyftjin yn dat lytse doarpke."
001
Jan Mossel mei syn gesin © Omrop Fryslân
Mossel moete syn frou yn Denemarken, dêr't er sûnt 1991 wennet. Lange tiid wie er skipper op in wachtboat, mar sûnt in pear jier giet er de see net mear op, fertelt er. "Fanwege in blessuere. No bin ik havenmaster." Mossel wikselet in wurkwike ôf mei in frije wike. "Yn de frije wike bin ik skipper op in katamaran. Dy sit yn in fjord en dêr binne de weagen net sa heech."

"Deensk liket op Frysk"

Yntusken is de berne Fries 24 jier tegearre mei syn frou. De taal leare wie yn it begjin noch wat in wrakseling. "Mar nei in pear bierkes gie it al stikken better. Ek lies ik folle Donald Duckjes. It hat wol in pear jier koste om my goed fersteanber te meitsjen. Ek al liket de taal hjir en dêr wol wat op it Frysk en Grinslânsks."
Mei syn âldste soan kin Mossel Frysk prate. Lykas mei syn broer, dy't fiif kilometer fierderop wennet. Mei har froulju prate se wol Deensk.
Mossel is bliid mei it plak dêr't er wennet. As er bûten sit, kin er de weagen hearre. De see is nammentlik 400 meter fierderop. "We wenje hearlik rêstich. It is in prachtich plakje en de minsken binne gesellich."
Ik gean dan nei YouTube, en set dan in ôflevering op fan HEA!. Dêr sjoch ik graach nei.
Jan Mossel
Seis wiken lyn die Mossel Fryslân oan. Dan sit er sa'n acht oeren yn de auto. "Myn frou seit dan ek: 'Wat is dit dochs in prachtich plakje'."
Ut Denemarken wei kin hy it net litte om Fryslân sa no en dan efkes yn de wenkeamer te bringen. "Ik gean dan nei YouTube en set dan in ôflevering op fan HEA!. Dêr sjoch ik altyd graach nei."