Follybalsters fan Friso Snits pakke kopposysje nei winst op Sudosa-Desto

© DijksMedia

De follybalsters fan Friso Snits hawwe de ynhelwedstriid tsjin Sudosa-Desto út Assen mei 3-1 wûn (25-22, 25-20, 16-25, 27-25). Dêrmei klimme se nei it earste plak yn de kompetysje.

De wedstriid gie in moanne lyn net troch omdat de flier yn de Snitsers sporthal doe ôfkard waard. No mocht de nûmer trije fan de kompetysje it dus wol opnimme tsjin nûmer seis Sudosa-Desto út Assen, dêr't de Fryske Paula Boonstra spilet.

Spannend skoareferrin

De froulju fan Snits wûnen harren earste set mei 25-22. De twadde set wûnen se mei 25-20. Dochs krigen se it dêrnei noch aardich lestich. Se ferlearen de tredde set mei 16-25.

Dêr nettsjinsteande wisten de besikers út Assen de wedstriid net om te draaien. De lêste set gie gelyk op, mar waard úteinlik mei 27-25 wûn troch de ploech út Snits.

Kommende sneon spylje de froulju fan Friso Snits yn Utrecht tsjin direkte konkurrint De Hollandse Pot Enzo. Dy ploech stiet tredde op de ranglist.