Dit binne de bêste sporters fan Fryslân yn 2023

© ANP

Fjouwer Fryske froulju meitsje kâns op de titel Sportfrou fan it Jier. Foar de titel Sportman fan it Jier is net ien Fryske man nominearre.

De prizen wurde útrikt by it jierlikse sportgala. Dêr wurde ek de Sportploech, Paralympysk Sporter en Coach fan it Jier bekend makke.

It NOC*NSF hat mei de NOS en de foarsitter fan de faksjuery yn al dy kategorieën in shortlist makke. Dêr steane yn totaal tsien Friezen op.

Sportfrou

De fjouwer Fryske froulju dy't noch kâns meitsje op de titel Sportfrou fan it Jier 2023, binne shorttrackster Suzanne Schulting en reedrydsters Marijke Groenewoud, Antoinette Rijpma-de Jong en Femke Kok.

Femke Kok © ANP

Femke Kok ferraste dit jier elkenien doe't se op it WK ôfstannen goud pakte op de 500 meter. Dêrmei waard se dus wrâldkampioen.

Antoinette Rijpma-de Jong © ANP

Antoinette Rijpma-de Jong pakte yn maart fan dit jier goud op de 1.500 meter. Dêrneist pakte se yn jannewaris de Europeeske allroundtitel en ferbettere se it baanrekôr op de reedrydmyl.

Marijke Groenewoud © ANP

Marijke Groenewoud pakte de wrâldtitel op de massastart by it WK yn maart fan dit jier.

Suzanne Schulting © ANP

Suzanne Schulting pakte goud op meardere ôfstannen op it wrâldkampioenskip shorttrack fan dit jier. Sawol op de 1.500 meter, de 2.000 meter mingde ôflossing as op de 3.000 meter ôflossing wie Schulting de rapste.

Sportploegen

By de kategory Sportploech fan it Jier is Suzanne Schulting wer twa kear nominearre. Sawol by de ôflossingsploech froulju shorttrack, as by de ôflossingsploech mixed-gender shorttrack is Schulting represintearre.

Ran Faber en Femke Faber © Marco Spelten (Actiefotografie)

De oare nominearren by dizze kategory komme út it kuorbal en it roeie.n TeamNL kuorbal, mei Femke Faber en Ran Faber, pakte goud op it wrâldkampioenskip kuorbal yn Taiwan.

Ymkje Clevering (links) © ANP

Roeister Ymkje Clevering waard wrâldkampioene yn de twa-sûnder-stjoerfrou by it roeien. Dat wie foar it earst yn de histoarje dat de Nederlânske froulju dy titel wûnen.

Parasporters

De oare trije nominearren komme út de paralympyske sport. Dêr binne dit jier foar it earst trije ferskate kategoryen wêryn't prizen útrikt wurde sille: Parasportman fan it Jier, Parasportfrou fan it Jier en Parasportploech fan it Jier. Yn eltse kategory sit in Fryske sporter.

Joël de Jong © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Joël de Jong makket kâns op Parasportman fan it Jier. Hy waard wrâldkampioen op de 100 meter atletyk.

Liesette Bruinsma © ANP

Paraswimster Liesette Bruinsma pakte ûnder oaren it goud en it wrâldrekôr op de 200 meter wikselslach, goud op de 100 meter frije slach en sulver op it wrâldkampioenskip yn Manchester. Dêrmei stiet sy op de shortlist foar Parasportfrou fan it Jier.

Tristan Bangma (links) © ANP

By de Parasportploech fan it jier stiet de tandem fan parahurdfytser Tristan Bangma op de shortlist. Bangma pakte tegearre mei syn teamgenoat goud by de wedstriid op de dyk, tiidrit op de dyk en efterfolging op de baan.

De faksjuery kiest út dizze shortlist de definitive nominaasjes, dy't op 10 desimber bekend makke wurde. Op 20 desimber wurde de prizen útrikt, by it jierlikse Sportgala fan de NOC*NSF yn Utrecht.