Gjin olympysk reedriden yn Thialf yn 2030, Frankryk mei Winterspelen organisearje

Reedriden yn Thialf © ANP

De Olympyske Winterspelen komme yn 2030 net nei iisstadion Thialf. De Spelen wurde nei alle gedachten yn Frankryk holden en dat lân makket wierskynlik gjin gebrûk fan Thialf.

Switserlân en Sweden binne ôffallen as kandidaten foar de Winterspelen fan 2030. Dy lannen tochten oan Thialf as mooglik plak foar de reedrydûnderdielen. Frankryk sjocht dêrfoar nei de opsje om in tydlike konstruksje te bouwen yn de omkriten fan Nice. Dy plannen meie se no fierder útwurkje fan it IOC.

IIsstadion Thialf © ANP

Deputearre Femke Wiersma fynt it spitich dat de Spelen oan Thialf foarbygean. "It wie in gouden kâns foar Thialf. De reaksjes de ôfrûne wiken út it hiele lân hawwe dúdlik makke dat de olympyske kandidatuer fan Thialf op brede stipe rekkenje koe. Wy wiene der tegearre mei de gemeente Hearrenfean, NOC*NSF en de KNSB hielendal klear foar om mei de Switsers de plannen fierder út te wurkjen. Spitigernôch giet it no net troch."

Switserlân mei de plannen wol útwurkje foar de Winterspelen fan 2038. Dus it is mooglik dat Thialf dan dochs wer yn byld komt.