Rekonstruksje: Buorman spile krúsjale rol by arrestaasje fan binde dowedieven

ANP
Dowen (net yn Steggerda) © ANP
De saak fan de stellen dowen út De Harkema, fan earder dizze wike, is net de earste. Twa jier lyn is der foar hûnderttûzenen euro's oan postdowen stellen út Steggerda.
Dy saak is yntusken oplost, en de dieven moatte in skeafergoeding betelje fan mear as twa ton.
In buorman spile in krúsjale rol by de opspoaring fan in ynternasjonale binde postdowedieven, blykt út in artikel dat it fakblêd 'Opportuun' koartlyn publisearre.
ANP
Ydo en Elco Homma foar it lege hok fan de dowen © ANP
Hoe't it presys kin dat de eigeners en de hiemhûn neat fernaam ha fan de dieven, dy't in pear meter fierderop hûndert dowen yn pûden diene, is noch hieltyd net dúdlik.
Wol dúdlik is dat de saak direkt de oandacht fan de media luts. Net allinne Omrop Fryslân makke der melding fan. Noch gjin dei nei de stellerij wie Steggerda lanlik yn it nijs.
De dowen wiene fan twa broers, Elco en Ydo Homma. In wike nei de stellerij stiene se noch yn in leech hok. "Dit doet gewoon zeer", sei ien fan har. "We zijn hier 365 dagen per jaar mee bezig."

Do fan in ton

De bruorren stutsen sûnt 2006 hast al harren frije tiid - en al harren sparjild - yn de dowen. Yn ynternasjonale wedstriden wûnen se meardere prizen.
Benammen de topdo Luna wie in winner. Allinne dy iene do al soe tsientûzenen euro's wurdich wêze. In ton miskien wol, seine de broers. Luna wie ek fuort.

Goeie dowen komme fansels werom

Bas Rademacher fan it Iepenbier Ministearje wie ferantwurdlik foar it opspoaren fan de dieders. En de dowen.
Hy is telefoanysk ynformearre oer de saak. No, twa jier letter, kin er him de wat skeptyske ûndertoan noch wol heuge, fan de plysje dy't him belle. "Als het echt goeie postduiven waren, kwamen ze op een dag toch vanzelf weer terug?"
ANP
Jonge dowen wurde lost út in frachtwein en fleane wer nei hûs © ANP
In protte ferstân fan postdowen hat Rademacher net, mar hy wit wol dat se kostber binne. Dus der folget in buertûndersyk, en der wurde kamerabylden besjoen.

Buorman

Op bylden dy't troch in kamera fan de buorman makke binne, is in grize auto te sjen.
"Die bewuste buurman bleek zijn halve leven in de autohandel te hebben gezeten", seit Rademacher no yn it magazine fan it Iepenbier Ministearje.
"Dat geluk heb je niet in elk onderzoek. Hij herkende de auto meteen als een Audi A6, met een vermoedelijk bouwjaar tussen 2003 en 2007. Wat later ook bleek te kloppen."

Litouwers en Dútsers

De broers sette de bylden op sosjale media, en de auto wurdt al gau werkend. In meiwurker fan in tankstasjon by Hearrenfean hat de Audi op kamera te stean, En de McDonalds ek. Op dy bylden is it kenteken - út Litouwen - goed te lêzen.
En de gesichten fan de trije mannen yn de auto binne fol yn byld.
Dyselde nacht noch binne de mannen yn Dútslân oan de kant set troch de plysje. It wie in rûtinekontrôle, op in momint dat yn Steggerda noch net ien yn de gaten hie dat de dowen fuort wiene.
ANP
De plysje fan Dútslân © ANP
De Dútsers ha doe wol de identiteit fan de trije mannen fêststeld. Der sieten op dat stuit gjin hûndert postdowen yn de auto, moasten de Dútse plysjes letter ferklearje.

Oftape

De nammen fan de trije mannen wurde trochspile oan de autoriteiten yn Litouwen. Dan blykt dat ien fan harren - yn ferbân mei in oar ûndersyk - al in skoftke ôfharke wurdt.
Ut de opnamen docht bliken dat de trije mannen net allinne hannelen. Der is in fjirde man te hearren, ek in Litouwer, dy't de saak op ôfstân oanstjoert. Se prate ûnder oare oer it dowehok yn Steggerda.
ANP
It hok yn Steggerda is leech © ANP
Justysje wit genôch en feardiget foar alle fjouwer mannen in oanhâldingsbefel út. Sa koe de earste fertochte oanholden wurde. Dy man kaam út itselde doarp yn Litouwen as twa oare fertochten fan in soartgelikense stellerij fan dowen yn Oerisel.
Binnen in wike wurde twa fan de trije oerbleaune fertochten yn Litouwen oppakt, en de lêste man blykt yn Terneuzen te wenjen. Dy wurdt troch de Nederlânske plysje arrestearre.
De mannen fleane alle fjouwer de sel yn, en moatte mei mekoar in skeafergoeding betelje fan 228.500 euro.

De belangrykste fraach

De bruorren út Steggerda binne dêr bliid mei, mar se ha oant de dei fan hjoed noch gjin antwurd op de belangrykste fraach: Wêr binne de dowen bleaun?
ANP
Ydo en Elco Homma by it lege dowehok © ANP
Justysje hat besocht se werom te finen, mar dat is net slagge. Nei alle gedachten binne se dropt yn it noarden fan Dútslân. "Dat zoekgebied is vrij groot", seit Rademacher.
Hy tinkt net dat de dowen noch by in wedstriid opdûke sille. De dowesport is in ynternasjonale wrâld. Elkenien ken mekoar, en as de fûgels ynienen wer ferskine, dan falt dat op.
Rademacher tinkt dat de stellen dowen no brûkt wurde om te fokken. "De kans dat ze worden teruggevonden is klein, vrees ik."
Dit artikel is makke op basis fan in artikel yn it fakblêd fan it Iepenbier Ministearje, Opportuun, en artikels yn it argyf fan Omrop Fryslân.