HEA! De deade bisten fan Dox

HEA! Dox har deade bisten

Dox Poiesz is preparateur: se set deade bisten op. In hobby dêr't se nei eigen sizzen hielendal 'sen' fan wurdt.

It sjocht der yn earsten wat groulik út, dy feltsjes fan deade hazzen, fûgels as iikhoarntsjes. Mar dat skrikt Dox net ôf. Se fynt it prachtich om in dea bist moai op te setten. It feltsje wurdt der earst ôfstrûpt, dan wurdt it bist opfolle en de goeie eachjes derby socht.

Dox fynt har hobby net morbide. "Je ziet wat voor leven zo'n beestje gehad heeft." En se makket it bist altyd moaier as wat it wie.