FOTO: De earste snie yn Fryslân

Appelskea waard wekker ûnder in tin laachje snie © Daniel Timmer

De earste snie fan dit seizoen is in feit yn Fryslân. Noch krekt foar it begjin fan de meteorologyske winter, op 1 desimber, leit dizze woansdei op guon plakken yn de provinsje al in laachje snie.

Besjoch hjirûnder hoe't dat der útseach. Ha jo ek foto's? Stjoer se ús ta fia www.omropfryslan.nl/waarfoto.

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Jantine Weidenaar wie yn Appelskea en hie de mûtse nedich moarns betiid © Omrop Fryslân
Dit skiep yn Makkingea is goed taret op de winter © Laja ter Schuur
Krekt oer de grins yn it Drents-Friese Wold is ek snie fallen © Else Kuitert-de Haan
Snie op de túntafel fan Joost van Daal út Snits © Joost van Daal
It lânskip kleurret wyt by Burdaard © Margriet Bouma
De snie bleau ek lizzen yn De Rottefalle © Klasien van der Wal
Snie yn Burgum © Helena van der Zwaag
De sinne giet ûnder yn Skearnegoutum © Tiny Bijlsma