"Wy kinne it azc yn Balk bêst in foarbyld neame: dêr meie we grutsk op wêze"

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It klinkt as in unikum: in azc dêr't it goed giet, dêr't asylsikers har noflik fiele en dêr't in grut part fan de omwenners achter stiet. Yn Balk is it wol sa. Dochs is it de fraach oft dit azc iepen bliuwt.

De gemeenteried fan De Fryske Marren beslút woansdei of de termyn foar it azc yn Balk ferlinge wurdt. Oan de measte omwenners sil it net lizze. Wylst op in soad oare plakken yn Nederlân de spanning om azc's hinne fielber is, geane yn Balk flechtlingen en doarpsbewenners yn harmony mei-inoar om.

Se groetsje inoar op strjitte, treffe inoar by it boadskippen en geane nei deselde tsjerke.

Bliuwt it azc yn Balk iepen?

It is drok yn it azc fan Balk. Alle 500 bêden binne beset, de need is heech. Bewenners Imad en Elif wachtsje hjir harren proseduere ôf.

As profesjoneel fioelist fermakket Elif har in soad yn de muzykkeamer fan it azc. Imad is fotograaf en syn wurk hat in plakje krigen yn de gong fan it gebou. It binne foto's fan bisten en gebouwen.

Feilich, komfortabel en lokkich

Yn tsjinstelling ta harren ûnderfiningen op oare opfangplakken fiele Elif en Imad harren hjir feilich, komfortabel en gelokkich, foar safier't dat kin.

Al wie it earst wol wenne foar Imad: "We fûnen it noarden net leuk troch wat we der oer hearden. It is fier fuort, der is neat hjir. Dus ik wie benaud doe't ik hjir nei ta brocht waard. Mar letter begûn ik it noarden leuk te finen. Balk is in lyts doarp, dus it fielt foar ús as in gesellich plak om te wenjen."

Neffens Elif binne minsken út Fryslân "hiel aardige minsken" en eltsenien út it doarp seit altyd 'hi' tsjin har.

Imad wennet yn it azc © Omrop Fryslân

Mar ek yn Balk wie der ferset tsjin de plannen foar in azc. Hûnderten minsken tekenen yn 2015 in petysje om foar te kommen dat der 500 opfangplakken tichteby it doarp komme soene. Dizze bewenners hiene in oar plak op it each, in stik bûten Balk.

It azc kaam der in jier letter dochs. Dat wie yn it begjin wenne foar in doarp, mar neffens Johannes Stegenga en Lolke Kroes binne der yn de rin fan de tiid maatregels naam en ûntwikkelingen west dy't foar in positive sfear soargen.

It azc yn Balk is yn 2016 iepene en soe fiif jier letter wer tichtgean. Om't de need heech wie, waard dy termyn mei twa jier ferlinge. Dizze termyn is yn oktober ferrûn. Der is út it COA wei noch hieltyd in tekoart oan opfangplakken en dus bûget de gemeenteried fan De Fryske Marren him op 'e nij oer in ferlinging mei maksimaal trije jier.

Ut in draachflakûndersyk fan de gemeente docht bliken dat 48 persint fan de ûnderfrege minsken foar it iepenhâlden fan in azc is. Dêrby is 39 persint tsjin en 13 persint neutraal. Yn totaal ha 1.036 húshâldingen út Balk, Wikel, Harich en Rûgehuzen meidien oan it ûndersyk.

As it azc gjin ferlinging krijt, hat it COA 500 bêden minder. "Dan sette we fan 1 jannewaris ôf yn op sluting", seit Durkje Sybesma, lokaasjemanager fan it azc yn Balk.

Kroes hat him eartiids hurdmakke foar it langer iepen hâlden fan it azc. "Der is as betingst steld dat we hjir in soad húshâldingen krije soene", seit hy. "En we ha aldergeloks gjin nuvere foarfallen hân. Der ha wolris in pear akkefytsjes west, mar dy binne oplost en dan ha je ek rêst binnen it gehiel."

Durkje Sybesma, lokaasjemanager fan it azc yn Balk, jout ta dat it foar omwenners wenne is as yn de buert in azc ferskynt. "Dat heare we ek in hiel soad yn de publike opiny, dêr moatte je yn meigroeie en dat is yn Balk de ôfrûne jierren bard."

Johannes Stegenga en Lolke Kroes © Omrop Fryslân

Omwenners Johannes en Lolke ha harren fan it begjin ôf ynset foar de minsken fan it azc. "Ik ha hjir mear as hûndert fytsen brocht en myn freondinne hat berneweinen brocht foar froulju dy't in poppe ferwachten. En dat dogge we noch hieltyd", seit Johannes.

"It azc is der. It is yntegrearre in Balk, dus it heart der no gewoan by", seit Lolke. Minsken út it doarp dogge bygelyks frijwilligerswurk by it Taalcafé op it azc.

Ien fan harren is Jildou Kramer. "Op dizze wize kin ik se helpe mei de taal, krij ik harren ferhaal te hearren en sjoch ik wat se dogge op it azc. Sa mei ik dêr in lytse bydrage yn leverje."

We ha oare kampen sjoen en witte dat de situaasje hjir yn Balk hiel goed is yn ferliking mei oare azc's.
Imad, bewenner fan it azc Balk

Imad en Elif hoopje dat se harren fierdere proseduere yn Balk ôfwachtsje meie. "We ha oare kampen sjoen en witte dat de situaasje hjir yn Balk hiel goed is yn ferliking mei oare azc's", seit Imad.

"Der binne altyd wol wat problemen mei minsken, mar dat kinne we oplosse. COA-personielsleden fiele as freonen foar my, ik bin gelokkich hjir".

Johannes Stegenga en Lolke Kroes © Omrop Fryslân

Johannes en Lolke hoopje ek dat it azc yn Balk langer iepen bliuwe mei.

Lolke: "Wy meie Balk bêst in foarbyld neame. As ik hear hoe't de situaasje lanlik is, dan stiet Balk flink heech oanskreaun fanwegen de ferhâlding tusken de bewenners fan it azc en it doarp. En dêr meie we grutsk op wêze."