Arriva en Qbuzz beide yn beswier tsjin beslút provinsje oer Frysk busferfier

In bus fan Arriva © ANP

Arriva en Qbuzz tekenje beswier oan tsjin de gunning fan it Fryske busferfier. Opfallend is dat de provinsje koartlyn noch foar Qbuzz keas, wat betsjut dat sy de kommende tsien jier it busferfier fersoargje meie. Wat dizze beswieren binne, is net bekend.

Wêrom Qbuzz sels beswier makket, is ûndúdlik. It bedriuw wie net berikber foar kommentaar. Ferfierder Arriva wol ynhâldlik ek net yngean op de saak.

Beide bedriuwen ha noch fjouwer wiken om harren beswieren te motivearjen. Dan moatte se dy taljochtsje foar de beswierkommisje fan de provinsje. Deputearre Steaten moatte dan letter in definityf beslút nimme oer wa't it busferfier fersoargje mei yn de perioade 2024-2034.

Nije konsesje

De konsesje foar it iepenbier ferfier rint 15 desimber 2024 ôf. Om ferfierders tiid te jaan har goed ta te rieden, wurdt rom yn it foar bekend makke wa't it ferfier fersoargje mei.

De provinsje keas foar Qbuzz om't dit bedriuw goede plannen hie foar de berikberens fan de doarpen en it plattelân. It bedriuw wol bygelyks mear bussen ride litte.

De nije konsesje is foar in perioade fan tsien jier ferliend oan Qbuzz, sa waard yn oktober bekend. Dat soe betsjutte dat de Arriva-bussen takom jier ferdwine út Fryslân.