Feehâlder Eabe Klaas Elzinga stapte út it libben, widdo Joke ropt boeren op om te praten

Joke Elzinga by it grêf fan har man Eabe © Omrop Fryslân

It is in dei dy't Joke Elzinga-Schregardus altyd bybliuwe sil: 30 april 2015. De dei dat har man Eabe Klaas besleat om út it libben te stappen. Troch ûnder oare in tanimmende regeldruk seach er it libben net mear sitten. Widdo Joke freget no omtinken foar de mentale sûnens fan boeren.

Yn de teätertsjerke fan Nes docht Joke Elzinga jûn har ferhaal. Doel fan har en de organisaasje is om agrariërs oan it praten te krijen oer mentale sûnens.

"Ik wol myn ferhaal dwaan om minsken te helpen", seit se. "Al is der mar ien dy't nei my harket en dêrnei help siket. Dat soe al goed wêze. Ek al bliuwt it in dreech ûnderwerp, besykje om deroer te praten."

"De leafde sit noch altyd djip"

"It docht noch hieltyd sear as ik der oan tink", seit Joke, wylst se yn de keamer fan de pleats yn Eastermar sit. Yn har hannen hâldt se in wyt listje, mei in foto fan Eabe deryn. "Ik besykje der altyd oer te praten, mar dat is dreech. De leafde sit noch altyd djip."

Joke Elzinga oer de ympakt op har famylje

De pine is noch fielber, makket Joke Elzinga dúdlik. Eabe lit twa dochters, in soan en in pakesizzer fan doe trije moannen âld efter. De skok is grut yn de famylje. "Wy seagen wol dat er net goed yn syn fel siet, mar dit hiene wy nea ferwachte."

Joke fûn har man yn de stâl en moast de bern fertelle wat der bard wie. Har soan wie doe 15 jier en hie dy jûn noch mei syn heit iten. "Dat oan je bern útlizze... Ik hoech net te fertellen wat dat mei ien docht. Je binne hielendal stikken."

Eabe Klaas Elzinga © Omrop Fryslân

Eabe rekke de lêste moannen foar syn dea yn in drege wrakseling. De beëage oername troch syn dochter like him geweldich, mar hie ek ta gefolch dat er derfoar soargje moast dat it bedriuw takomstbestindich makke waard. Dêrom namen de Elzinga's mear kij en kochten se mear lân.

"Hy begûn himsels te fertutearzjen"

Oan de oare kant hiene se ek te krijen mei hieltyd mear regeljouwing, wêrtroch't it ûndernimmen al mar dreger waard. Joke Elzinga seach hoe't har man der mear en mear fan te lijen hie.

"Hy begûn himsels folslein te fertutearzjen. Gewoanwei wie er altyd in kreaze man dy't goed op himsels paste, mar no moast ik tsjin him sizze dat er ûnder de dûs moast. Dat wie in hiele put en sa wie er gewoan ek net."

Wrakselje jo mei mentale sûnens en wolle je deroer prate? Belje dan mei it nûmer fan 113 Zelfmoordpreventie. It nûmer is fergees en is 24 oeren, 7 dagen yn de wike te berikken op 0800-0113.

Joke Elzinga: "Uteinlik waard it hieltyd minder. Hy krige waanbylden en wie der net mear by. De kij soene gjin molke mear jaan en de plysje soe him yn de gaten hâlde. Hy sliepte min en wie skjin oan ein."

Se skeakele wol help yn, mar eins wie it doe al te let. Har man sliepte min en prate nearne oer. "Ik ha wolris oant trije oere yn de nacht hjir oan tafel sitten mei him. Dan tocht ik: 'Man, ik moat moarn ek wer, gean ris op bêd.' Ik woe mei him prate en dat die er gewoan net."

Widdo Joke Elzinga praat oer har man

Mar boeren sa as Eabe binne der folle mear. Ut ûndersyk fan LTO en oare belange-organisaasjes is al faak nei foaren kaam dat in soad boeren lêst ha fan psychologyske problemen. Dat soe alles te krijen hawwe mei druk dy't se fiele troch de miljeuproblematyk en de strangere regeljouwing dy't dêrút fuortkomt.

Boeren rinne de hiele dei allinnich om.
Undersykster Anne-Goaitske Breteler

Boeren moatte leare om oer harren problematyk te praten, sizze psychologen. Deselde oprop docht ûndersykster Anne-Goaitske Breteler.

Sy is dwaande mei in boek oer mentale sûnens op it plattelân en organisearret ferskate gearkomsten om it taboe te trochbrekken. Yn de teätertsjerke fan Nes hopet se woansdei in tal boeren byinoar te krijen. Breteler wit dat it dreech is om de agrariërs te berikken.

"Boeren sitte meastentiids op it hiem by de pleats, bûten it doarp, dus op ôfstân fan de bewenne wrâld. Je rinne de hiele dei allinnich om en ha minder sosjaal kontakt mei minsken dy't 'gewoan' wurkje. As je dan betinke dat je oer de drege dingen prate moatte, dan dogge je dat al hielendal net."

Anne-Goaitske Breteler ûndersiket mentale sûnens op it plattelân

Breteler seit dat alle tumult fan de lêste jierren djippe spoaren yn de boeresektor neilit. "Je sjogge dat der yn 2022 sa'n tritich selsdeadings west ha yn Nederlân ûnder boeren. Dat is in fertrietlik oantal, mar yn 'e media waard ek sein dat it dêrom wol wat tafalt yn 'e sektor."

"Dochs binne net alle cases goed te mjitten, boppedat binne dit inkeld de selsdeadingen; de psychyske problemen dy't spylje ûnder noch folle mear boeren wurde net metten."

Feehalder Eabe Klaas Elzinga stapte út it libben

Breteler: "Der binne in hiel soad dêr't je net fan sjogge dat se wrakselje. Dêrnjonken lit in selsdeading djippe spoaren efter yn 'e libbens fan de neibesteanden. Sy hawwe te krijen mei ûnferwachts ferlies en moatte dêrmei leare om te gean. Sa'n rouproses kin hiel dreech wêze en ek foar de neibesteanden in soad betsjutte foar it geastlike wolwêzen."