In Sonac-biofergêster by Burgum-Sumar is noch lang gjin útiten saak

Sa moat de nije ynstallaasje by Sonac derút komme te sjen © Sonac

In biofergêster dy't op it terrein fan it fabryk Sonac komme moat, ropt in soad wjerstân op. Bewenners yn Burgum en Sumar binne benaud foar stankoerlêst en loftfersmoarging.

De biofergêster wurdt sa'n 24 meter heech. Dat soarget foar opskuor by de omwenners. Op in spesjale jûn oer de biofergêster, organisearre troch de gemeente Tytsjerksteradiel, kaam tiisdei in hûnderttal omwenners ôf.

Der wie in soad spanning te fernimmen en der waarden ferwiten makke.

Seal fol minsken yn Burgum © Omrop Fryslân

Op de gearkomste praten partijen út alle hoeken fan de mienskip. Sûnensorganisaasje GGZ, miljeu-organisaasje FUMO, omwenners sels en Sonac.

De jûn wie bedoeld om de omwenners te ynformearjen en ynsprekke te litten. De gemeente soe earder al in beslút nimme, mar koe der doe net útkomme. Sy ha frege om útstel.

'Bloedrode stroom'

De gemeente moat de kommende tiid sjen oft it draachflak ûnder de bewenners grut is. Dat moat noch mar bliken dwaan, want de ynsprekkers ha it ûnder oare oer in 'bloedrode stroom die groen wordt gemaakt.'

Dochs binne der ek oare lûden te hearren. "Wy stimme net tsjin", seit Anco van der Vliet fan Burgum2040. Dy groep wol Burgum takomstbestindich meitsje.

"Sonac is net it probleem, mar de geur. Dat moatte wy yn gearwurking oanpakke." De opmerkingen soargen wol foar rebûlje en geprottel yn de seal.

'Dit moatte je net wolle'

"Wy moatte dit net sa ticht op de wenten wolle", seit Jellie Herder fan Biovergistervrij Burgum op de gearkomste. Biovergisterijsvrij Burgum is oprjochte troch omwenners mei soargen.

"De mear wy lêze yn de rapporten, de mear wy tinke: dit moatte wy net wolle. Sy komme hjirmei yn de swierste kategory risikofabriken. Yn Son binne der ûngelokken bard en dat helje we dan net nei Burgum ta, mei ik hoopje? Sonac wurdt ek nochris ôffalferwurker. Dus sy geane fan allinnich slachtôffal nei fan alles, wêrûnder ek dong en dat stjonkt flink."

Jellie Herder sprekt op de gearkomste © Omrop Fryslân

De Pleatslik Belangen fan likegoed Sumar as Burgum ha ek noed. Sy fine it benammen spitich dat der in soad fragen yn de doarpen libje, mar dat de antwurden útbliuwe.

"It is ek komplekse matearje", seit Richine Postma-van Der Hoek. Sy folget it dossier út namme fan Pleatslik Beland Burgum. "Mar wy fernimme dat der in soad twivels binne. Wy ha eartiids op skoalle altyd leard: 'as je twivels ha, stek dan net oer.'"

Stankoerlêst

Benammen de stankoerlêst wie in wichtich grut punt op de gearkomste. Richard Dijkstra, direkteur fan de Sonac, joech in taljochting. "Wy dogge der alles oan om de oerlêst te ferminderjen."

It fabryk hat in fergunning foar de stankoerlêst, de saneamde geur-emisje. Dêr sit de Sonac op dit stuit ûnder. Dijkstra seit: "Wy bliuwe mei de fergêster binnen de fergunning." Yn de seal reagearret in omwenner: "Dus it giet ekstra stjonken!"

"Stel je ha in fergunning fan hûndert persint geur", seit gemeenteriedslid Binne de Vries fan BVNL. "Je sitte no op 50 en je geane nei 80. Dan bliuwe je binnen de fergunning, mar de oerlêst giet wol omheech. Dat is net wat wy wolle."

Sonac kin gjin garânsje jaan dat der minder oerlêst komt. "Mar wy dogge der alles oan om sa folle as mooglik te beheinen."

Wat docht in biofergêster?

De biofergêster yn Sumar set saneamde 'reststromen' út ôffal om yn gas. Reststreamen steane ek wol bekend as 'dierlijke bijproducten.'

Dat binne de produkten fan bisten dy't minsken net ite, lykas bloed, dong of hier. Dy wurde by it ferwurkjen fan fleis net brûkt. By Sonac (foarhinne bekend as Rendac) wurde gjin kadavers ferwurke.

Sonac wol in ynstallaasje bouwe dy't dierlike reststoffen fergêstet ta gas. Mei de ynstallaasje kin sa'n 140.000 ton it jier ferwurke wurde.

Yn de oanfraach foar de fergunning stiet: "Met deze Groen Gasinstallatie wordt met verschillende reststromen (voornamelijk dierlijke bijproducten) een duurzaam alternatief voor aardgas geproduceerd, groen gas, dat beschikbaar komt voor onze regio."

It leveret biogas op foar likernôch 12.000 húshâldingen. Dêrfoar binne meardere nije bouwurken nedich, wêrfan't trije silo's fan 24 meter heech it meast opfalle.

Sonac hope de soargen fuort te heljen op de jûn. Sy wolle ynsette op in Denox-ynstallaasje, dat moat de fersmoarging tsjingean.

"Wy sjogge en hearre ek dat der in soad fragen en soargen binne", seit Richard Dijkstra, direkteur fan it fabryk. "Mar wy dûke dêr ek net foar wei. Wy wolle de minsken helpe. Wy wolle goeie buorlju wêze en net de fersmoarger. Dêrom binne wy hjir jûn ek."

© Omrop Fryslân

"Wy realisearje ús dat wy by inkelde waarsomstannichheden goed te rûken binne", seit Dijkstra. "Mar dat wolle wy dan ek oanpasse. Wy ha in technyk tapast dat de geur sa folle mooglik beheint."

"Dizze ynstallaasje soarget derfoar dat der in grutte slach op it mêd fan ferduorsuming makke wurdt. Wy kinne 12.000 hûshâldens fan grien gas foarsjen. Dat is foar de regio."

Soargen bliuwe

Dochs hellet it by Herder de soargen net fuort.

"Sy sette yn op in denox-ynstallaasje, mar yn ferskate rapporten stiet eltse kear in oare útkomst fan de wurking fan sa'n ynstallaasje. Sa komt gauris nei foaren dat dy net wurkje soene en dat liket my net echt wat dêr't je dan op farre kinne. Njonken dat witte je net wat dit foar it wetter docht. It giet net allinnich om de lucht, mar ek oer de wetterkwaliteit."

Sonac yn Sumar © Omrop Fryslân

Beide doarpsbelangen sjogge ek dat it in drege kwestje is. "De provinsje moat de fergunning jaan om't it eins boppe de gemeente útstiget," seit Postma-van der Hoek.

"It ferwurkjen fan deade bisten is spesifyk en dus moatte je der ek oare wetjouwing foar ha. De gemeente kin dit wol keare, want as dy in krúske sette, dan kin de provinsje der net mei oan de gong."

Wat is in 'verklaring van geen bedenkingen?'

Gemeente Tytsjerksteradiel tinkt de kommende tiid nei of sy in 'verklaring van geen bedenkingen' ôfjaan wol. Sa'n ferklearring betsjut dat ferskate bestjoersorganen ynstimme moatte foardat in fergunning op basis fan de omjouwingswet ferliend wurde kin.

De provinsje jout úteinlik de fergunning foar de nije biofergêster, mar de gemeente kin it wol tsjinwurkje. As sy de ferklearring net ôfjaan, mei de provinsje der net mei oan de gong. Sy kinne de ferklearring bygelyks wegerje op basis fan protesten troch omwenners.

De gemeente soe earder in beslút nimme oer de fergunning, mar koe der doe net útkomme. Sy woene mear tiid ha. Herder seit dat de antwurden op alle fragen gau komme moatte.

"As dy rapporten inoar sa tsjinsprekke dan witte omwenners en boargers it ek net mear. Dêr moat gewoan dúdlikens komme en eltsenien moat him of har oan de ôfspraken hâlde."

Noch net klear

It dossier is noch net klear. 7 desimber folget noch in iepen poadium wêr't bewenners ynsprekke kinne oer it ûnderwerp. In wike letter, op 14 desimber, nimt de gemeenteried it úteinlike beslút of sy de ferklearring wol of net ôfjaan wolle.