KAART: Safolle kúb ierdgas ferbrûkt in hûs yn dyn gemeente

Gasfornús © Shutterstock.com

Amelân is de gemeente dêr't yn trochsneed it measte ierdgas ferbrûkt wurdt yn partikuliere wenningen. Yn de measte gemeenten wurdt wol hieltyd minder ierdgas ferbrûkt.

Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau van de Statistiek (CBS). It gemiddelde ierdgasferbûk op It Amelân wie ferline jier 1.380 kúb de wenning. Yn Ljouwert wurdt, mei yn trochsneed 950 kúb, it minst ferbrûkt.

Sjoch hjir nei it ierdgasferbrûk yn dyn gemeente:

Dat op It Amelân mear ferbrûkt wurdt, kin ferskate redenen ha. Ut de sifers docht bygelyks bliken dat gemeenten mei in soad frijsteande wenten in heger ferbrûk ha as gemeenten mei in soad apparteminten.

Dêrby spilet de grutte fan de wenning mei. Apparteminten binne faak lyts en ynsletten troch buorlju, wêrtroch't it gasferbrûk leech is. Ljouwert past yn it lanlike byld dat der yn stedske gebieten faak minder ferbrûkt wurdt.

20 persint minder ierdgas

It CBS hat ek sjoen nei ierdgasferbrûk yn ferliking mei it jier dêrfoar. Dêrút docht bliken dat yn elke gemeente minstens 20 persint minder ierdgas ferbrûkt wurdt as yn 2021.