Liveblog | 29 novimber 2023

112-nijs 29 novimber: Oanriding by stopljocht yn Twellingea | Camper yn brân yn Holwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 29 novimber 2023, 22:17
22:17

Te swiere karre slat om op A31 by Akkrum

Op de A31 by Akkrum hat fan 'e middei in iensidich ûngelok plakhân doe't in karre begûn te slingerjen en oer de kop einige. De karre bliek te swier beladen te wêzen.

Nei ûndersyk die bliken dat de karre mei lading nei in mjitkorreksje 2820 kilo woech, wylst de auto maksimaal 1500 kilo lûke mocht.

Der is in proses-ferbaal opmakke en de kosten fan Rykswettersteat wurde op de bestjoerder ferhelle.

20:30

Koade giel fanwegen glêdens

Troch befriezing fan wiete parten fan de dyk en mooglike sniebuien kin it hjir en dêr glêd wurde. It KNMI hat dêrom koade giel ôfjûn.

De warskôging jildt yn ús provinsje foarearst oant tongersdeitemoarn 11.00 oere.

19:43

Twa drugsriders begean deselde misstap yn Noardeast-Fryslân

De plysje fan Noardeast-Fryslân hat ôfrûne tiisdei op de betide moarn twa drugsriders oanhâlden. Foar beide automobilisten wie dat net de earste kear.

Om 03.00 oere hinne waard yn Bûtenpost in man steande hâlden. Hy bliek gjin jildich rydbewiis te hawwen, om't er earder ûnder ynfloed fan drugs yn de auto stapt wie. Nei ûndersyk die bliken dat de man ek dit kear wer ûnder ynfloed fan drugs wie.

Trije oeren letter waard by Rinsumageast ek in man steande hâlden dy't in ûnjildich rydbewiis hie troch drugsgebrûk. Ek dizze bestjoerder bliek dit kear wer ûnder ynfloed te wêze.

Tsjin beide manlju is in proses-ferbaal opmakke.

18:16

Oanriding by stopljocht yn Twellingea

© ProNews

By in stopljocht yn Twellingea binne trije auto's tsjin mekoar oan riden. De minsken dy't yn de auto's sieten, binne neisjoen troch ambulânsepersoniel. Net ien hoegde mei nei it sikehûs.

15:35

Camper yn brân yn Holwert

Camper yn brân © RTV NOF, Rinaldo Korst

Der is in camper folslein útbaarnd oan de Beyertstrjitte yn Holwert. De camper stie foar in wenning doe't it yn brân fleach. Dêrnei rôle hy fuort, meldt RTV NOF.

Bewenners hawwe in oanhinger foar de brânende camper set, sadat hy gjin skea oan huzen feroarsaakje soe. Mei brânblussers waard besocht it fjoer út te meitsjen, mar dat slagge net.

De brânwacht moast ynskeakele wurde en omstanners moasten ôfstân hâlde, want der lizze ek gasflessen yn de camper. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net bekend.

14:03

Sletten bedriuw yn Ljouwert wie "gevaar voor de openbare orde en veiligheid"

It Ljouwerter makelderskantoar dat tiisdei troch de gemeente sletten is, wie in "gevaar voor de openbare orde en veiligheid." Dat seit alteast boargemaster Sybrand Buma.

Yn it pân oan de Bleeklaan soene stelselmjittich kriminele aktiviteiten plakfine. Der wie sprake fan drugsproduksje, himptylt en der waard ûnderdak jûn oan minsken dy't der yllegaal ferbleaune.

In skoalfoarbyld fan ûndermyning, seit Buma. "Er zijn allerlei dingen gebeurd die het daglicht niet kunnen verdragen." It makelerskantoar hat ferskate pannen yn Ljouwert, dêr't in grut part fan yn de Flietsône leit.

Yn april binne der al trije minsken oanholden fanwegen de rol fan it bedriuw by kriminaliteit. Dy binne yntusken wer frijlitten, mar it ûndersyk fan de plysje en it Iepenbier Ministearje set troch.

It is neffens Buma foar it earst dat dizze foarm fan kriminaliteit yn in makelerskantoar ûntdutsen is. De oanhâldingen koene dien wurde nei ûndersyk fan de plysje wêrby't der petearen ôfharke binne en kamera's pleatst binne. Foar swiere kriminaliteit binne ek swiere opspoaringsmetoaden nedich, seit Buma.