Ald-deputearre Sietske Poepjes wurdt boargemaster yn Olst-Wijhe

Sietske Poepjes © Omrop Fryslân

Sietske Poepjes is troch de gemeenteried fan Olst-Wijhe foardroegen as nije boargemaster fan de gemeente yn Oerisel. Poepjes wie oant ôfrûne simmer deputearre fan de provinsje Fryslân.

Poepjes wie deputearre fan 2011 oant july 2023. Dêrfoar wie se ûnder mear Steatelid foar it CDA en wurke se foar de eardere gemeente Lemsterlân.

Poepjes folget yn Olst-Wijhe waarnimmend boargemaster Yvonne van Mastrigt op. Se wurdt nei alle gedachten op 27 febrewaris 2024 ynstallearre yn de gemeente.

Earder hat Poepjes alris oanjûn dat in baan as boargemaster har wol wat like, mar dan net yn Fryslân, want dat soe neffens har 'net in goede saak wêze'.