Sân op waadplaten feroaret troch gaswinning

Waadplaten by It Amelân, mei links op de achtergrûn in boareilân © Bert Meerstra

It sân op de waadplaten om It Amelân hinne wurdt hieltyd finer. Dat komt trochdat de boaiem sakket troch de gaswinning yn it gebiet.

Dat docht bliken út in ûndersyk fan it NIOZ (Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee). It fine sân hat ynfloed op de boaiembisten dy't op de waadplaten libje.

It NIOZ hâldt al sûnt 2008 de tastân fan de waadplaten yn de gaten. Op in lytse 5000 plakken wurde meunsters naam. Dat hat sjen litten dat de trochsneed grutte fan de kerrels fan waadsân yn it gaswinningsgebiet 10 prosint lytser wurden is.

Troch de gaswinning ûntsteane 'kommen' yn de waadboaiem, dy't no mei hieltyd tinner sân folle wurde. Sânseagers, in soart wjirmen, fine dat noflik, mar waadslakjes fiele har minder thús, neffens NIOZ-ûndersiker Allert Bijleveld.

In waadplaat foar de kust fan it Amelân © Omrop Fryslân, Remco de Vries

By de fergunning foar mynbouaktiviteiten - lykas gaswinning - yn it wrâlderfgoedgebiet Waadsee is ôfpraat dat de winning ôfremme wurde moat as blykt dat de natuerwearden fan it gebiet oantaaste reitsje.

"Natuurwaarden zijn echter lastig te meten, maar de kwaliteit van de bodem niet", neffens it NIOZ. It ûndersyk liet ek sjen dat yn de gaswinningsgebieten mear slyk op de boaiem leit. Mar omdat der net wittenskiplik metten is foardat de gaswinning begûn, kin net sein wurde oft de winning foar mear slyk soarget.

Bijleveld pleitet foar wiidweidiger ûndersyk oer mear jierren yn gebieten dêr't boaiemaktiviteiten binne, lykas de sâltwinning by Harns. De gearstalling fan de boaiem en it boaiemlibben moatte in mjitstêf wurde foar mynbou ûnder wetter, fynt er.