Tjeerd de Groot mooglik dochs wer de Keamer yn: D66 krijt der in sit by

Tjeerd de Groot © ANP

Politikus Tjeerd de Groot fan Wâldsein bliuwt mooglik dochs yn de Twadde Keamer. D66 liket der noch in sit by te krijen, te'n koste fan de SP. Dat docht bliken út de definitive prognoaze fan de útslach fan de Twadde Keamerferkiezingen fan parseburo ANP.

Earder like D66 op 9 sitten út te kommen. De Groot wie de nûmer 10 op de list fan de partij. No't der in ekstra sit nei D66 giet, skoot De Groot mooglik troch de Keamer yn.

De prognoaze fan de ferkiezingsútslach is bysteld op basis fan de útslaggen dy't noch net binnenkaam wienen, dy fan de stimmers yn it bûtenlân.

De sitferdieling is noch net definityf. Freed stelt de Kiesraad de útslach fêst en dan wurdt ek bekend hokker kandidaten op basis fan foarkarsstimmen de Keamer yn komme.

De Groot sels wol dêrom ek noch net op de saak foarútrinne: "Ik wacht even de Kiesraad af."