Wertelling fan stimmen yn Aldeboarn: ien stimpas oer de holle sjoen

De útbrochte stimmen yn Aldeboarn waarden hjoed opnij teld

By de wertelling fan de stimmen fan it stimburo yn Aldeboarn docht bliken wat al tocht waard: by fersin is der ien stimpas net meiteld. Tiisdei wie de wertelling yn it gemeentehûs op It Hearrenfean.

It giet mar om ien stim ferskil, mar dochs moatte alle stimmen fan stimburo Aldeboarn op 'e nij teld wurde. Der wienen dêr 943 stimpassen fûn en 944 stimbiljetten. Ynfloed op de ferkiezingen hat it fansels net, mar de Kiesraad freget dochs om in korrekte en transparante telling.

Der is op 'e nij in proses-ferbaal opmakke. Dêryn stiet ûnder oare beskreaun hoefolle stimmen der útbrocht binne, op wa en hoefolle stimmen net jildich binne. Dat giet úteinlik nei de Kiesraad yn Den Haag en freed wurdt de definitive útslach bekendmakke.

Tiisdei waard bekend dat de Kiesraad ek om in wertelling frege by in stimburo yn Opsterlân. Dat gie om de roomsk-katolike tsjerke fan De Gordyk. Yntusken is dúdlik wat dêr mis wie: in stim foar DENK wie by fersin by GrienLinks-PvdA teld.