Wiebe van der Wal (30) hellet twadde skûtsje foar Eastermar binnen: "In dream"

De Broekophâlder moat it twadde skûtsje fan Eastermar wurde © RTV NOF

It doarp Eastermar krijt der in twadde skûtsje by. Mei sa'n fyftjin oare minsken wurket Wiebe van der Wal oan syn eigen skûtsje: de Broekophâlder.

In eigen skûtsje, dat ek nochris wedstriden sile sil. It is in dream dy't útkomt foar de 30-jierrige Van der Wal.

"Ik ha sels eartiids ek syld. Dêrnei haw ik altyd wol it idee hân om in eigen skûtsje te nimmen. Dat like my altyd al geweldich om mei in ploech te dwaan", fertelt er. "Dit jier yn de feesttinte yn Sleat stie ik tusken alle minsken en doe tocht ik by mysels: no moat it ek mar ris barre."

Sûnt koart leit it skûtsje yn de haven fan Eastermar. It wurk kin begjinne. "It houtwurk moat allegearre op 'e nij lakt wurde. Der moatte dingen fan binnen op 'e nij betimmere wurde. Ek wolle we der dochs in binnenboardmotor yn ha, want Eastermar is bêst in úthoeke as je bygelyks nei De Lemmer moatte."

It doel is earst foaral wille meitsje, fertelt Van der Wal. "Ik ha tsjin de groep sein dat it wichtich is om der earst wille yn te hawwen en dan komt it silen fansels wol. As we dit jier tsiende of tolfde wurde, dan is dat hartstikke moai."

Wiebe van der Wal fan it skûtsje Broekophâlder © RTV NOF

Sûnt 2007 hat Eastermar al in eigen eigen skûtsje mei de namme 'it doarp Eastermar'. Dat skûtsje sylt yn wedstriidferbân mei yn de IFKS.