Provinsje wreidet regeling foar wolfkearende maatregels út

Wolf © ANP

De provinsje Fryslân hat de subsydzjeregeling foar wolfkearende maatregels útwreide. Bistehâlders kinne no ek yn it foar subsydzje oanfreegje, earder koe dat allinnich nei de tiid.

De regeling jildt no ek foar hâlders fan kij, hynders en ponnys. Oant no ta wie dit allinnich foar skieppe- en geitehâlders.

Provinsje wreidet regeling foar wolfkearende maatregels út

"Op dit stuit is wolveskea allinnich foar te kommen troch wolfkearende maatregels te nimmen. Wy wolle feehâlders dêrom safolle mooglik stimulearje en fasilitearje mei in ferbettere subsydzjeregeling, in aktive gebietskommisje en in wolvekonsulint", seit deputearre Matthijs de Vries.

"Hiele útdaging"

"Wy sjogge dat it nimmen fan wolfkearende maatregels noch in hiele útdaging is foar Fryske bistehâlders", stelt Harry Oosterman, foarsitter fan de Gebietskommisje Wolf, dy't Deputearre Steaten advisearret oer beskermingsmaatregels foar lânboubisten en de finansiering dêrfan. "Wy tinke dat de oanpaste subsydzjeregeling in goede stap is."

De wolf is in beskerme bist yn de Europeeske Uny. Yn de Fryske Provinsjale Steaten is ferline jier foar in moasje stimd om de wolf aktyf te bejeien, mar dat mei net troch Europeeske regels. Dêrom kinne der no allinnich mar wolfkearende maatregels naam wurde.