HEA! Stoeterij Friese Visser yn aksje

HEA! Stoeterij Friese Visser

Olaf Visser en Merle Veurink binne de eigeners fan Stoeterij Friese Visser yn Drachten. Se fokke, traine en hâlde Fryske hynders. Op dit stuit binne se drok dwaande mei it trainen fan de jonge hynsten dy't meidwaan sille mei de earste besichtiging.

En it wurdt in tige spannende keuring, want it is de earste lichting soannen fan harren eigen dekhynst Waander 512. De jonge hynders wurde traind troch Merle sels en alles wurdt der oan dien om se optimaal foar it ljocht te bringen.

Yn de bak ha se de folsleine keuringssituaasje neiboud, om de hynders wenne te litten. Merle en Olaf folje elkoar yn alles oan en binne in topteam, sa sizze se sels.