Reinbôgebankje Kollum tydlik yn opslach by gemeente; komt fandalismeproof werom

It reinbôgebankje leit no yn de opslach © RTV NOF

It reinbôgebankje dat yn maaie by it Kindcentrum yn Kollum pleatst waard, leit sûnt freed yn de opslach by de gemeentewerf fan Noardeast-Fryslân.

Unbekenden hellen it bankje tongersdei fuort fan syn orizjinele plak fanwege in demonstraasje fan de Nederlandse Volks-Unie by it Kindcentrum.

"Doe't wy der tongersdei kamen, die bliken dat it bankje fuort helle wie", seit boargemaster Johannes Kramer. "It wie pleatst efter de Van der Bij-hal, fuorthelle troch ûnbekenden. Wa, dat wite wy net."

De demonstraasje gie nettsjinsteande it ferpleatste bankje wol troch, ta ûnfrede fan in pear Kollumers. Sy fûnen it net passend dat dit yn de buert fan in skoalle wie.

"Miskien net in handich plak", antwurdt Kramer. "Mar as se der demonstrearre woene, moasten wy dat as oerheid fasilitearje."

Bekladde

It bankje waard dit jier meardere kearen bekladde mei ûnder oare bibelteksten. Ofrûne july waard yn Kollum in Pride organisearre troch 3 FM en HUMAN as tsjinreaksje. In dei nei de manifestaasje wie it bankje alwer bekladde.

De bekladding fan it reinbôgebankje yn july © ProNews Producties

Neffens Kramer wurdt it bankje ynkoarten fandalismeproof weromset. "It wurdt efkes neisjoen en dan wurdt it, wannear't der in geskikte tiid foar is, wer werompleatst", seit de boargemaster ta. "It hinget fan de aginda fan ús minsken fan gemeentewurken ôf, hoe rap oft dat kin."