Liveblog | 28 novimber 2023

112-nijs 28 novimber: Skeafergoeding foar heit deastutsen Roan | Demintearjende man weromfûn

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 28 novimber 2023, 21:07
21:07

Demintearjende man weromfûn

De 80-jierrige demintearjende man wêrfoar't in Burgernetmelding ferspraat is, is wer terjochte. De man is yn goede sûnens oantroffen yn de wyk Camminghaburen.

20:35

Burgernetmelding foar fermiste demintearjende man

De plysje hat in Burgernetmelding ferspraat foar in 80-jierrige man dy't sûnt 16.00 oere fermist is fan de Tweebaksmarkt yn Ljouwert ôf.

De man is demintearjend en de plysje makket him grutte soargen, ek yn ferbân mei de kâlde waarsomstannichheden.

De man is 1,80 meter lang, hat in wite hûdskleur, in snor, in bril, in learen jas en brune klompen. Minsken dy't tips hawwe, meie mei 112 belje.

Burgernet © ANP
15:54

Gebou makelder ticht om kriminele aktiviteiten

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat in bedriuw oan de Bleeklaan yn de stêd foar seis moannen sletten. Ut it gebou fan it makelderskantoar soene neffens de plysje kriminele aktiviteiten útfierd of fasilitearre wêze.

Op 3 april dit jier waarden al trije minsken oanholden fanwegen de rol fan it bedriuw by kriminaliteit. Ut it plysjeûndersyk kamen ferskate strafbere feiten nei foaren, meldt de gemeente. Dan giet it ûnder oare om it fasilitearjen fan yllegale himptylt.

It makelderskantoar is belutsen by de ferhier fan in soad gebouwen yn Ljouwert, benammen yn de Vlietzone.

15:39

Lampen stellen by Sint-Martinustsjerke yn Ferwert

Der binne trije lampen stellen by de Sint-Martinustsjerke yn Ferwert, dat meldt RTV NOF. Gewoanwei ferljochtsje de lampen yn it neijier de tsjerke.

De lampen kostje 400 euro it stik en dus wol de tsjerke se graach werom: "Om my meie se it werombringe, dan krije se in sûkeladeletter fan my, mar ik wit it net. Ik tink net dat wy de lampen wer sjen sille."

15:12

Fergoeding foar 'shockskea' foar heit deastutsen Roan Brilstra

De heit fan de yn 2019 deastutsen Roan Brilstra hat in temjittekomming takend krigen foar 'shockskea'. Minsken kinne rjocht hawwe op sa'n fergoeding as se in ûngelok sjoen hawwe of direkt konfrontearre binne mei de earnstige gefolgen dêrfan.

Roan Brilstra kaam om it libben nei't er stutsen wie by in berôving yn in kafee yn Drachten. De âlders fan Roan waarden troch de plysje belle. Sy gienen dêrnei fuort nei it plak dêr't it bard wie. Nei it barren hat in psycholooch by de heit PTSS fêststeld.

Nettsjinsteande dy diagnoaze fûn it skeafûns dat de Drachtster gjin rjocht hie op de skeafergoeding. ''Als je de deur opendoet en je trapt in een plas bloed, dan kun je een uitkering krijgen", lei in wurdfierder út. Mar de âlders wienen earst belle troch de plysje, dat fûn it fûns echt wat oars.

De Rie fan Steat wie it dêr net mei iens. It skeafûns luts dêrop syn beswier yn. De heit fan Roan krijt no in fergoeding fan 1.000 euro.

Stille tocht foar Roan Brilstra © ProNews
13:42

Ljouwerter krijt 2,5 jier sel foar ferkrêfting 13-jierrich famke

In 38-jierrige Ljouwerter hat in selstraf fan twa-en-in-heal jier krigen foar de ferkrêfting fan in famke fan 13 jier. Dy hie ein maaie fan dit jier plak. De rjochtbank giet dêrmei mei yn de eask fan it IM.

De twa troffen inoar by in Cruijff Court yn Ljouwert. De man hie it famke meinommen nei syn wenning. De rjochtbank leaut de ferklearring fan it famke. De Ljouwerter fan Syryske komôf hat neffens in psycholooch "een excessieve seksdrang" en moat him klinysk behannelje litte.