Meiwurkster jeugdsoarchynstelling Woodbrookers krijt berisping

Behannelsintrum Woodbrookers yn Koartehimmen © ProNews

In meiwurkster fan jeugdsoarchynstelling Woodbrookers hat in berisping krigen, omdat se net de goede prosedueres folge hat mei in âld-kliïnt. Dat hat it Tuchtcollege voor de Gezondheidszorg yn Zwolle bekendmakke.

It kolleezje jout oan dat it funksjonearjen fan de meiwurkster mei de kliïnt tekoartsketten is en dat dat grutte ynfloed hân hat op it ferbliuw fan de kliïnt by Woodbrookers. Dêrneist liet de meiwurkster by de sitting ûnfoldwaande krityske selsrefleksje sjen.

Wat hâldt in berisping yn?

It tuchtkollezje kin oan de soarchferliener de maatregel fan berisping oplizze. It tuchtkollezje feroardielet yn dat gefal it gedrach fan de soarchferliener. De soarchferliener hat ferwytber hannele en krijt dêrfoar in berisping. De soarchferliener bliuwt folslein befoege om it berop út te oefenjen.

It tuchtkolleezje skriuwt ek dat yn it behannelplan it risiko op suïsidaal gedrach (it ynslikken fan batterijen, red.) net beneamd wurdt. Ek is der gjin wiidweidich feilichheidsplan makke om foar te kommen dat de kliïnt beskikke koe oer potinsjeel gefaarlike materialen.

De útspraak is opfallend, omdat Woodbrookers - in sletten jeugdsoarchynstelling yn Koartehimmen - in soad yn it nijs wie de lêste tiid. Yn it behannelsintrum wiene it gebrûk fan pineprikkels en isolearjen hiel gewoan, wylst dat net mei.

De klacht tsjin de meiwurkster kaam fan de âlden fan de âld-kliïnt. Se fine dat de meiwurkster slim faald hat, wêrtroch't harren dochter net de juste soarch krigen hat.

Yn totaal leinen der njoggen klachten tsjin de meiwurkster, wêrfan't fiif neffens it tuchtkolleezje in grûnige reden ha.

De fiif klachten mei in grûnige reden

  • De meiwurkster hat neilitten om diagnostyk te dwaan yn de earste perioade fan opname fan de pasjint;
  • Der binne sûnder oerlis mei de pasjint of âlden frijheidsbeheinende maatregels tapast;
  • Der is gjin passende help of behanneling ynset;
  • De meiwurkster hat ûnsaakkundich hannele en net har funksje as rezjybehanneler útoefene, foaral by it ôfsluten fan de behanneling en de neisoarch;
  • In wichtich ûndersyksrapport is ferneatige en de ynformaasje út dit ûndersyk is nea dield.

De meiwurkster wie de 'regiebehandelaar' fan de âld-kliïnt en moast it hiele soarchproses yn de gaten hâlde. Ek wie se ferantwurdlik foar it opstellen fan in behannelplan en moast se derfoar soargje dat it útfierd waard.

Wat is der mei de kliïnt gebeurd yn Woodbrookers?

Yn de simmer fan 2021 kaam de âld-kliïnt by Woodbrookers telâne. De âld-kliïnt brûkte drugs en rûn geregeld fuort, wat derfoar soarge dat se net mear thús wenje koe.

Woodbrookers yn Koartehimmen © Omrop Fryslân

Mar har tiid by Woodbrookers soarge der net foar dat it better mei har gong. It famke rekke begjin 2022 yn it sikehûs, omdat se batterijen slikte. Se waard trije dagen yn koma hâlden en har slokterm rekke swier skansearre.

Doe't se ûntslein waard út it sikehûs, mocht se net werom nei Woodbrookers: se gong nei hûs ta. Dêr begûn de syktocht nei in better plak foar har.

"Alles gedaan wat we konden"

De meiwurkster fan Woodbrookers sei op de sitting dat it in komplekse situaasje wie. "Het was heftig voor iedereen. We hebben gewoon niet kunnen voldoen aan de voorwaarden van JeugdzorgPlus (sletten jeugdsoarch, red.). Ik kan het leed niet wegnemen, maar we hebben alles gedaan wat we konden."

De âlden fan it famke woene gjin reaksje jaan op de útspraak.

Net genôch hânfetten

De situaasje fan it famke yn Woodbrookers is earder al ûndersocht. Yn opdracht fan Jeugdhulp Fryslân hat in ekstern buro sjoen nei de situaasje.

Ien fan de konklúzjes fan dat ûndersyk is dat de meiwurkers fan Woodbrookers net genôch hânfetten krigen ha om om te gean mei komplekse gesinssystemen. Der is gjin behannelfyzje of probleemanalyze formulearre.

It grutte tal swiere ynsidinten hat yn Woodbrookers net soarge foar in ynhâldlike analyze fan de oarsaken of omstannichheden, of foar it ynsetten fan eksterne ekspertize.