Foar tonnen oan dowen stellen út De Harkema: "It is echt treurich en soer"

De lege dowetil fan Jouke Elzinga © Ben de Jager, RTV NOF

"Dit giet je earlik sein net yn de kâlde klean sitten." Dowekweker Jouke Elzinga út De Harkema is ûntdien oer wat him ôfrûne sneon oerkommen is. Unbekenden berôven him fan sawat tachtich fokdowen en in oantal aaien, mei in wearde fan yn totaal sa'n 500.000 euro.

De dieven giene goed taret te wurk. Neffens Elzinga wisten se presys wêr't se wêze moasten. "Dit is minusjeus taret, want sy hawwe alle âlde kweekdowen meinaam, dy hawwe in wearde fan hast in heal miljoen mei syn allen. Der sieten ek echt in oantal hiele goeie by, it is echt treurich en soer."

Sa sjocht in Fryske sportdo derút © Eigen foto

Elzinga en de plysje ha op dit momint noch gjin idee wa't der achter de rôf sit. "Ik tink sûnt sneontemoarn al nei oer alles, mar de dowen kinne no al wol fier yn it bûtenlân sitte. Ik wit echt net wa't dit op syn as har geweten hat." De dowehâlder ropt eltsenien dy't wat fertochts sjoen hat op om dit oan him of de plysje te melden.

De dieverij fan dowen komt faker foar. Sa oerkaam Ydo en Elco Homma út Steggerda yn novimber 2021 itselde, doe't dieven sa'n hûndert dowen út harren til stielen. Fjouwer mannen binne hjir ûndertusken foar feroardiele.

Elzinga lit him net út it fjild slaan. Hiel efkes tocht er oan ophâlden mei it dowehâlden, mar it fjoer yn him bliuwt brânen.

"Hâlders dêr't je oars tsjin stride, dy belje my no"

De reaksjes út de fokdowewrâld dogge Elzinga yn elts gefal goed. Ut it hiele lân wei kriget er stipe. "Dat is écht prachtich en docht je wat, de hâlders dêr't je oars tsjin stride, dy belje my no om te sjen oft sy wat foar je betsjutte kinne. Sa steane wy ek mei-inoar as in blok."

Ik sjoch no dochs wol wat faker nei boppen, om te sjen oft der dochs noch wat oanfleanen komt.
Jouke Elzinga

Hoewol't Elzinga de kâns dat er syn dowen ea noch werom sjocht lyts ynskat, hopet er dochs op in lyts wonder. It soe nammentlik kinne dat in oantal dowen harren wei nei De Harkema werom witte te finen as sy frijkomme.

"Ik sjoch no dochs wol wat faker nei boppen, om te sjen oft der dochs noch wat oanfleanen komt. Wy moatte troch en ik hâld altyd noch in bytsje hoop."