Fúzje sikehuzen Snits en It Hearrenfean nedich om spesifike soarch yn Fryslân te hâlden

© Omrop Fryslân

Behannelingen driigje út Fryslân te ferdwinen as de fúzje tusken de sikehuzen Antonius fan Snits en Tjongerschans fan It Hearrenfean net trochgiet. Dat docht bliken út in ûndersyk fan advysburo Gupta.

It advysburo is belutsen sûnt it begjin fan de plannen oer in mooglike fúzje fan de sikehuzen Tjongerschans en Antonius. Ut dy fúzje soe in nij sikehûs fuortkomme moatte. As lokaasje foar dat nije sikehûs is De Jouwer neffens de plannen de bêste opsje.

Yn opdracht fan alle Fryske sikehuzen en de grutste soarchfersekerders yn Fryslân hat advysburo Gupta ûndersocht oft in fúzje echt nedich is en wat de konsekwinsjes dêrfan binne. Tagelyk is der sjoen nei wat der bart as it Tjongerschans en Antonius wol iepenbliuwe.

De gemeenterieden fan Súdwest-Fryslân en Hearrenfean wurde dizze wike ynformearre oer it ûndersyk.

De ried fan It Hearrenfean wurdt ynformearre © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De ûndersikers fan Gupta skriuwe dat it soarchsysteem yn Fryslân hieltyd kwetsberder wurdt. Der is sprake fan personielskrapte en in sterke fergrizing. Der binne mear âlderen en ek mear groanysk sike minsken. De soarch stiet dêrtroch ûnder druk en driget fêst te rinnen as der neat dien wurdt.

Frysk probleem

De sikehûsbestjoerders wolle troch de fúzje problemen yn de takomst foarkomme. No giet it finansjeel noch goed en kinne selsstannige besluten naam wurde. Mar wurdt no neat dien, dan reitsje de sikehuzen de kommende jierren yn de knipe. De ûndersikers sjogge it dêrom ek as in Frysk probleem.

Dat hat te krijen mei de soarchstruktuer yn Fryslân. Der binne no trije algemiene sikehuzen: Nij Smellinghe yn Drachten, Antonius yn Snits en Tjongerschans op It Hearrenfean. It MCL yn Ljouwert is in saneamd topklinysk sikehûs. Dêr binne de mear komplekse behannelingen en wurdt ek in soad wittenskiplik ûndersyk dien.

De folumenoarmen geane omheech.
Gupta rapport

As in behanneling net mooglik is yn in algemien sikehûs, wurde de pasjinten trochstjoerd nei it MCL. As dy stream opdrûget omdat sikehuzen ôfdielingen net iepenhâlde kinne, hat dat konsekwinsjes. It kin dan wêze dat je foar in spesifike behanneling nei bygelyks Zwolle of Grins ta moatte.

De oarsaak dêrfan leit yn de hegere kwaliteitseasken. Sa binne der lanlik folumenoarmen foar spesjalisten. Sa'n noarm jout oan hoefolle pasjinten mei in oandwaning op syn minst behannele wurde moatte om it spesjalisme op peil te hâlden.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Yn it ûndersyk binne tal fan senario's ûndersocht. Bygelyks dat der mar twa sikehuzen oerbliuwe, bygelyks it MCL yn Ljouwert en it (nije) sikehûs op De Jouwer. Dat is gjin opsje, omdat yn dat gefal reistiden tanimme en de kwaliteit fan de soarch yn gefaar komt.

Mar ien senario

Neffens de ûndersikers bliuwt der dan mar ien realistysk senario oer: hâld trije sikehuzen oerein, wêrfan't it nije sikehûs op De Jouwer der dan ien is. Dy lokaasje is goed berikber en finansjeel oantreklik.

De mooglikheid is ek om te kiezen foar in nij sikehûs yn Snits en dat fan It Hearrenfean te sluten. Yn dat gefal sille neffens ûndersikers in soad pasjinten út it súdeasten fan Fryslân kieze foar soarch bûten de provinsje, bygelyks Oerisel. Ek de oare opsje, nijbou fan Tjongerschans en sluting fan Antonius, is gjin winsklik senario.

Yn dat gefal moatte minsken út súdwest-Fryslân folle fierder reizgje foar soarch. De noarm fan 45 minuten om by in sikehûs te kommen, wurdt dan troch in soad minsken net mear helle.

Foar sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat de kar foar De Jouwer allinnich mar positive konsekwinsjes. Dat sikehûs groeit en wurdt finansjeel sterker.

Finansjeel kin it út

It sluten fan twa sikehuzen en it bouwen fan in nij sikehûs op De Jouwer liket kapitaalferneatiging. Dat is net it gefal, stelle de ûndersikers. Yn Snits moat hoe dan ek oer tsien jier nijboud wurde en ek it sikehûs fan It Hearrenfean wachtet in grutte ferbouwing. De ûndersikers stelle dat nijbou op De Jouwer binnen trije jier út kin.

Ek foar personiel hat it foardielen. It wurk wurdt oantrekliker en ek de wurkdruk sil ôfnimme. As der yn de takomst trije sikehuzen oer binne, kin yn al dy sikehuzen 24 oeren deis, 7 dagen yn de wike folweardige spoedhelp oanbean wurde.

© Omrop Fryslân

De ûndersikers stelle dat der noch in soad nedich is om it ferhaal goed út te lizzen oan ynwenners fan de provinsje. Mar neat dwaan is gjin opsje mear, skriuwe se.

Noch in soad wurk

Der moat noch in soad dien wurde de kommende tiid. De plannen moatte fierder konkretisearre wurde en dúdlik útlein wurde oan de ynwenners fan de beide gemeenten. De kommende tiid wolle se de soargen dy't der libje ynventarisearje en sykje nei mooglike oplossings.

Ut in earder ûndersyk dat dien waard yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân die ek bliken dat in fúzje it bêste is foar de kwaliteit fan de soarch. Dúdlik waard ek dat de reistiid nei it sikehûs foar in soad minsken tanimme sil.