Oerwinteringsgebiet skriezen yn West-Afrika bedrige troch gasprojekt

In roppende skries op 'e jûntiid by de Blaugerzen © Omrop Fryslân, Remco de Vries

In gasprojekt fan British Petroleum (BP) op de grins fan Senegal en Mauritanië bedriget in wichtich oerwinteringsgebiet fan de skries. Dêrfoar warskôget ûndersiker Kees Camphuysen fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ).

It is it earste gebiet mei swiet wetter dat de skriezen tsjinkomme neidat sy de Sahara yn ien kear oerflein binne; de delta fan de Senegalrivier tusken Senegal en Mauritanië. In protte skriezen oerwinterje dêr yn de natuerreservaten, mar ek foar oare fûgels is it gebiet hiel wichtich.

Dat alles wurdt no bedrige troch de bou fan in fabryk dy't gas floeiber makket (LNG) troch BP, sa is de warskôging fan Camphuysen.

"Meest kwetsbare gebieden van West-Afrika"

Dit hat alles te krijen mei hiele grutte gasfjilden op see. "Dat gas zou eerst op een LNG-fabriek op de oceaan vloeibaar worden gemaakt en dan afgevoerd. Maar er is dus zoveel gas gevonden dat ze een tweede locatie hebben gevonden op land en wel middenin een reservaat bij dat grensgebied en een van de meest kwetsbare gebieden van West-Afrika", seit Camphuysen.

De bou fan it fabryk en de ynfrastruktuer dy't derby heart, kinne de boel behoarlik op de kop sette, seit de ûndersiker. Wylst der wol in alternatyf is: "Het grootste deel van Mauritanië is land zonder beschermde status. Er is een klein, beschermd draslandgebied en uitgerekend daar komt deze installatie."

Skries boppe de greiden © Omrop Fryslân, Remco de Vries

Camphuysen docht in oprop oan BP: "Houd je aan je eigen standaard. Want de industriestandaard van BP is naar eigen zeggen buitengewoon hoog."

De kâns dat it allegearre noch tsjin te hâlden is, is net hiel grut: "Maar als we het niet aan de kaak stellen, dan gebeurt er zeker niets. En ik moet zeggen dat de natuurbeschermingsorganisaties oorverdovend stil zijn hierover. Zelfs de organisaties die een belangrijke rol spelen bij het in stand houden van de reservaten."

BP is frege om in reaksje, mar hat dy noch net jûn.

Trekrûte

It is net de earste kear dat der wichtige plakken op de trekrûte fan de skriezen bedrige wurde. Sompegebiet en nasjonaal park Doñana yn Spanje is hast opdrûge en noch mar hiel beheind fan wearde foar skriezen op trek troch problemen mei yllegale wetterputten en lânbou.

En yn Portugal binne de plannen foar in nij fleanfjild yn de delta fan de Taag noch net skrast.