Noed oer plysjeynset: Lanlike kwestjes geane te faak boppe lokale tema's

Plysje © ANP

Fryske gemeenten hawwe noed oer de kapasiteit fan de plysje. Lokale plysjes wurde hieltyd faker ynset by lanlike kwestjes. Neffens boargemasters fan de achttjin Fryske gemeenten giet dat te'n koste fan lokale saken.

Se hawwe dêrom in brief stjoerd oan regioboargemaster Koen Schuiling fan de plysjeregio Noard-Nederlân. Dêryn skriuwe se dat se wol begryp hawwe foar it feit dat lokale aginten ynset wurde foar bygelyks de bewekking fan it azc yn Ter Apel, mar dat dit foar lokale feilichheidskwestjes wol earnstige gefolgen hat.

Neffens de Fryske bestjoerders is der net foldwaande omtinken en kapasiteit foar regionale ûnderwerpen, lykas ûnderminingsûndersiken en de oanpak fan cyberkriminaliteit. Fierder binne plysjes minder sichtber op strjitte, wat de kleau tusken de mienskip en de oerheid fergruttet.

De boargemasters dogge in driuwend fersyk oan Schuiling om yn Den Haag oan te jaan dat der gjin ekstra plysjekapasiteit beskikber is foar lanlike kwestjes. Ek moat it lanlik bestjoer neffens harren oare karren meitsje om de feilichheid op lokaal nivo te garandearjen.