Pompe of stilstean: sa geane bûtenwurkers om mei it wiete waar

© Omrop Fryslân

Oktober wie al de wietste moanne ea metten: en oant no ta is der dizze moanne op it KNMI-stasjon yn Ljouwert al 174 milimeter fallen, tsjin gewoanwei sa'n 60 oant 70 milimeter. Bedriuwen dy't in soad bûten wurkje, krije stadichoan problemen troch it wiete waar.

Sa stiet de oerdekte trochgong by Boalsert-Noard al tiden fol wetter. Pompen steane alle dagen oan om it wetter fuort te krijen. "Wy wurde der hieltyd wat troch oerfallen. Der komt safolle wetter nei beneden, dêr is eins net tsjin te wurkjen", seit projektlieder Jetse Hylkema.

Dêrtroch rinne ek de wurksumheden fertraging op. "Wy soene ôfrûne wykein de deklagen draaie en dan soe er fan eins hjoed ôf iepen, mar dat hawwe wy ek ôfblaasd."

Jetse Hylkema, projektlieder © Omrop Fryslân

Der wurdt ek wurke by de krusingen by Burchwert en Wommels, efkes fierderop. Ek by Wommels soarget de rein foar in krekt wat lettere opleveringsdatum. "Der komt gjin ein oan, wy sitte hjir al wiken yn. Wat je normaal dogge yn in dei, dat dogge wy no yn in wike. It alderbêste wie om op te pakken en takom jier fierder, mar dat dogge wy net, wy sette troch", beslút Hylkema.

Loads leanbedriuw bliuwt fol

Net allinnich op de diken is it wiet, ek yn it lân lizze somtiden grutte plassen. It leanbedriuw fan Wytze Kramer fan Nijlân hat dêrom hast alle masines noch yn 'e loads stean. Op dit stuit soe er gewoanwei drok oan it hekkeljen wêze.

Rein en wetter soarget foar problemen by ferskate ûndernimmers

"It wurk skoot allegear op troch de wiete, de boeren wolle net dat wy op har lân komme want dan sakje wy fuort." Eins soene de sleaten foar 1 novimber hekkele wêze moatte. Mar it wetterskip lit de datum 1 desimber eins ek altyd ta, seit Kramer. Mar it is ek al hast desimber.

"It Wetterskip hat noch gjin kontakt opnaam, dy sjogge sels ek wol dat it sa net kin, it is in needtastân. As it wetter echt net fuort wol dan moatte wy mei de rupskraan de lannen yn, mar dat is noch net it gefal."

Wytze Kramer, eigener fan leanbedriuw Kramer © Omrop Fryslân

No is Kramer dan mar in soad yn 'e loads oan it wurk. Masines ûnderhâlde bygelyks. Foar syn finânsjes is de oanhâldende rein noch gjin probleem wurden. "It wurk dat barre moat, dat skoot op, dêr sit ik net oer yn, dat moat dochs gebeure. Wy binne it wol wend mei klimaatferoaring. Dan moat aanst alles gau yn ien wike dien wurde."

Ien dei drûchte is neffens him lykwols net genôch om wer oan it wurk te kinnen. "It lân moat earst in pear dagen ôfsige, it is sa fersêde."

Fervje wol net

Skilders fernimme ek gefolgen fan de oanhâldende rein. Somtiden skilderje sy ûnder in stik plestik, oare kearen moatte se hielendal thúsbliuwe. "Ast ôffervje moatst en der komt wetter yn, dan kinst it wer dwaan, dus dat stiet stil. Of sy moatte binnenwurk hawwe. Mar oars is it hopeleas", seit Albert Trinks, glêssetter foar in skildersbedriuw.

Albert Trinks, glêssetter by in skildersbedriuw © Omrop Fryslân

Dat fernimt it bedriuw wol yn de beurs. Putten kinne net trochgean of wurde útsteld. "Al it wurk skoot op, want it moat dochs in kear klear dus planningtechnysk rinst der wat op achter. As skildersbedriuw witst dat it in kear reine kin, foar in part kinst dat ynkalkulearje, mar it is no al fjouwer wike lang, dan wurdt it muoilik fansels. "

Trinks ferwachtet dat it yn it foarjier dêrom ekstra drok wurdt foar de skilders.