Noppert begjint WK darten tsjin Williams of Muramatsu

© PDC

Danny Noppert fan De Jouwer begjint it WK darten yn Londen tsjin Scott Williams of Haruki Muramatsu. Dat hat de lotting moandeitemiddei útwiisd, dy't dien waard troch sechtjinfâldich wrâldkampioen Phil Taylor.

Noppert is as sande pleatst foar it grutste darttoernoai fan it jier en hoecht dêrom pas yn de twadde ronde te begjinnen. Dat is fanwegen syn posysje op de wrâldranglist fan de PDC, it profesjonele dartbûn.

De ôfrûne wike melde Noppert him noch ôf foar de Players Championship Finals, omdat er foar de twadde kear heit wurdt. Syn freondinne kin elk momint befalle fan in dochterke.

Noppert syn bêste prestaasje op it WK is it beheljen fan de tredde ronde. Dat wie de ôfrûne fjouwer jier hieltyd it einstasjon fan de Jouster. Alle kearen ferlear er mei 4-2.

Earder dit jier wûn er wol Players Championship-toernoaien: yn febrewaris wûn er yn de finale fan Simon Whitlock, yn septimber fan Christian Kist.