Komplekse problemen en de skuld fan de media: Fryske wittenskipper analysearret winst PVV

Geert Wilders stiet de media te wurd © ANP

Wat minsken online en op telefyzje seagen, hat ynfloed hân yn it stimhokje. Dat seit politikolooch Alyt Damstra. "As it alle dagen oer migraasje giet, wurde dy soargen in hiel stik grutter."

Damstra is as wittenskipper ferbûn oan de Wittenskiplike Ried foar it Regearingsbelied (WRR). Se is no dwaande mei in ûndersyk nei media en de demokrasy.

"It is in spannende tiid", seit se. "We witte noch net watfoar kabinet we krije. En dat makket foar ús wurk in protte út, want wy besykje oansluting te finen by de minsken dy't ús rapporten lêze."

Alyt Damstra © Jan Bensliman

De grutste partij is no dy fan Geert Wilders. De media ha beslist in rol spile yn syn oerwinning, mar je kinne se de skuld der net fan jaan, seit Damstra.

"It wie de kar fan de VVD om it kabinet falle te litten oer de asylynstream. Dat wie it startpunt fan in kampanje oer ymmigraasje."

Migraasje en klimaat

"It tema migraasje spilet wol by it folk", seit Damstra, "en dat moatte je ek serieus nimme, mar wat der spilet wurdt ek beynfloede troch wat minsken hearre. It gie yn de media in hiel protte oer migraasje, en hast net oer it klimaat."

Media bepale net wat minsken tinke, mar wol wêr't se oer tinke, sa is de teory. "Media spylje in grutte rol, as minsken bepale wat se it belangrykste fine. Minsken ha net mei alles yn har eigen omjouwing te krijen."

In ferslachjouwer yn Den Haag © ANP

Dêr komt by dat migraasje in oerkoepeljend kampanjetema waard, seit Damstra. It tekoart oan wenningen, de druk op de soarch, de klassen dy't te fol binne, jildkrapte by útkearingen: alles koe oplost wurde as de asylynstream omleech gean soe.

Oantreklik en oersichtlik

"It is in hiel oantreklik ferhaal, omdat it sa oersichtlik is. Der is in hiel dúdlike oarsaak. En as je mar oan dy knop draaie, dan komt der romte op al dy dossiers. Ik tink net dat it echt wier is, mar it is wol hiel oansprekkend."

"De problemen binne sa ûnfoarstelber yngewikkeld: wenningen, it brûken fan romte yn Nederlân, it klimaat. As je dy saken serieus oanpakke wolle, dan binne der offers nedich. Dêr sitte minsken net op te wachtsjen. Dit is dan folle oantrekliker."

Geert Wilders © ANP

Dat kiezers de ûnmooglikheden yn de programma's net sjogge, betsjut neffens Damstra net dat se dom binne. "It is de ferantwurdlikheid fan de polityk om it earlike ferhaal te fertellen en helbere alternativen foar te stellen."

"As we kritysk sjogge nei wat ik no mar even de populistyske farianten fan de ferkiezingsprogramma's neam, dan binne dy net altyd útfierber. Mar dêr kin de kiezer neat oan dwaan. Dy is op syk nei oplossingen foar syn problemen."

"Asto gjin wenning fine kinst of ast net wist oft'st de ein fan de moanne wol hellest, dan makkest dy gjin soargen oer it klimaat. Dêr komt past romte foar as de rest op oarder is. Mar tagelyk moatte wy wol foarútsjen, want as dêr hielendal gjin romte foar komt, dan krije we pas echt problemen."

© ANP

Damstra ropt politisy fan alle partijen op om mear rekken te hâlden mei de lange termyn. "Dat is yn in hiel soad dossiers in probleem."

"Polityk wurdt bepaald troch de 'waan van de dag' en gau skoare. Lange termyn is yn de polityk fjouwer jier: dat is hiel koart. En dan hast ek noch de dynamyk fan de media. Dêr is it pas echt de 'waan van de dag'. Mar in protte problemen losse we net op fan hjoed op moarn.

Demonstraasjes

Rûnom yn it lân wurde yntusken gearkomsten holden troch minsken dy't har soargen meitsje oer de ferkiezingsútslach. Yn Ljouwert stiene dit wykein mear as hûndert minsken mei in ljochtsje ûnder de Aldehou.

Ljochtjesprotest yn Ljouwert © AS Media

"Ik meitsje my soargen dat we mekoar net mear begripe", seit Damstra. "Dat we ús net mear ferpleatse kinne yn de oar."

"Mar dit sis ik as boarger, net as wittenskipper. Ik tink dat we in protte deselde ferlangens ha: in libben mei 'bestaanszekerheid', om dat wurd mar ris te brûken. In moaie wrâld foar ús bern."

Damstra tinkt dat der noch folop oerienkomsten binne. "Dêr moatte we mekoar yn fine. De werklikheden dy't minsken sjogge, lizze no fier út mekoar. Dat fyn ik spannend. Ik hoopje dat we mekoar berikke kinne, dat we net út mekoar driuwe."