Ien stim te folle teld yn Aldeboarn: tiisdei wertelling

© ANP

De gemeente Hearrenfean telt tiisdei opnij de stimmen dy't by de Twadde Keamerferkiezings fan ferline wike útbrocht binne op it stimburo yn Aldeboarn. Dat wurdt dien yn opdracht fan de Kiesraad.

De Kiesraad hat in ûnregelmjittichheid konstatearre yn it proses-ferbaal dat troch it stimburo opmakke is nei de ferkiezingen. Yn sa'n proses-ferbaal wurdt ûnder oare beskreaun hoefolle stimmen oft der útbrocht binne, op wa en hoefolle stimmen net jildich binne.

Yn Aldeboarn binne 943 stimpassen fûn, mar 944 stimbiljetten. Yn it proses-ferbaal stiet as ferklearring "waarschijnlijk 1 te weinig geteld bij de stempassen". Dat gebeurt no dus opnij.

De PVV krige de measte stimmen yn Aldeboarn, nammentlik 166. Dat wie krekt wat mear as de BBB (157).