Seizoen Cambuurferdigener Caschili foarby nei swiere blessuere

Gabi Caschili wurdt fan it fjild droegen © Dijks Fotografie

It seizoen foar Cambuurspiler Gabi Caschili is alwer foarby. De blessuere dy't de rjochtsback ôfrûne freed oprûn, blykt sa slim te wêzen, dat er dit seizoen net mear spylje kin.

Yn de wedstriid tsjin VVV-Venlo moast Caschili (20) it fjild yn de twadde helte ferlitte mei in knibbelblessuere. Hy waard mei de brankaar fan it fjild droegen. Moandei wie Caschili foar ûndersyk yn it sikehûs: dêr die bliken dat er operearre wurde moat.

Dat sil op koarte termyn gebeure. De refalidaasje dêrnei sil moannen duorje en dêrom kin Henk de Jong gjin berop mear op him dwaan.

Caschili kaam ôfrûne simmer oer fan PEC Zwolle en waard fuort basisspiler. Syn logyske ferfanger is Jhondly van der Meer.

Blessueres Smand en Bergsma lykje ta te fallen

Twa oare ferdigeners - Floris Smand en Léon Bergsma - foelen freed ek út mei in blessuere. Sy binne der nei alle gedachten kommende freed wol wer gewoan by yn de thúswedstriid tsjin FC Eindhoven.