Floris Rol (9) wint De Muziekwedstrijd: "Muziek is me met de paplepel ingegoten"

Floris Rol út De Tike © MajankaFotografie

Floris Rol (9) út De Tike hat De Muziekwedstrijd fan it Prinses Christina Concours wûn yn de kategory 9 oant 12 jier. Sûnt syn fiifde spilet Floris piano en hy is hielendal yn de besnijing fan jazz.

Floris is út 'e skroeven mei syn priis. "Echt superblij, natuurlijk." strielt hy. "Het is een grote eer om die te krijgen. Ik vind het gewoon superleuk."

Net fan in frjemde

It muzyk meitsjen hat Floris net fan in frjemde, want syn heit is in bekende jazzmuzikant en syn mem spile fioele. "Mijn vader speelde bij veel goede bigbands. Hij speelde trombone toen ik in de wieg lag, en met mij in de draagzak speelde hij piano. Ja, het is me met de paplepel ingegoten."

Jonge jazzpianist Floris wint De Muziekwedstrijd

Fjouwer jier lyn begûn Floris mei pianospyljen. De lêste twa jier hat hy ek klassike pianoles, mar jazz hat syn foarkar. "Ik vind jazz eigenlijk wel leuker: het vrij zijn, dat je eigenlijk alles zelf mag bepalen. Klassiek is veel meer één ding, maar dat is ook wel heel goed voor je techniek."

'Oefenen, oefenen'

Om better te wurden is in protte enerzjy nedich. "Oefenen, oefenen, oefenen, ook als iets minder leuk is. Gewoon zo vaak mogelijk achter de piano gaan zitten", leit Floris út. "Zo vaak mogelijk oefenen en nieuwe dingen leren, want het is oneindig op zo'n piano."

Troch alle tiid dy't yn de muzyk giet, is der net genôch tiid foar skoalle. Gelokkich sit Floris op in fleksibele skoalle. "We hebben een heel lieve directrice. Daarvan krijg ik vaak vrijstelling en dat is handig als je even vrij nodig hebt. Als je bijvoorbeeld een concert hebt of een paar dagen moet studeren voor een concert."

Floris mei syn sus Annemijn © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg

Mei syn 12-jierrige sus Annemijn, dy't fioele spilet, hat Floris de jazzband The Rolo's. Se spylje troch it hiele lân op jazzfestivals.

Rûzje

As broer en sus ha se fansels wolris rûzje. "Sowieso wel een keer per week", seit Annemijn. "Maar dat is eigenlijk altijd buiten de muziek. In de muziek spelen we gewoon samen en dan delen we dingen met elkaar."

En dan helpt it eins wol dat se broer en sus binne. "Want naast broer en zus zijn Floris en ik eigenlijk ook gewoon beste vrienden met elkaar."

Floris oefenet sa faak mooglik op de piano © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg

De âlden fan Floris en Annemijn besykje it deistich libben fan harren bern en de muzyk goed yn balâns te hâlden. "Je hebt een goede voorbereiding nodig. Bij tijd en wijle hebben we weleens het idee dat het niet drukker moet worden", fertelt heit Jeroen Rol.

"Maar aan de andere kant, het is nog steeds intrinsieke motivatie bij allebei de kinderen. En ze zitten gewoon op voetbal en op paardrijden, dus het is niet alleen maar muziek. We proberen wel een gezonde balans te vinden."

Muzyk as twadde taal

Op de fraach wat muzyk him bringt, wit Floris it antwurd net fuortendaliks. Annemijn wit wol wat it foar har betsjut. "Voor mij is muziek eigenlijk een soort van tweede taal. En met die taal kun je dingen uitspreken", leit se út. "In de muziek kun je veel gevoelens kwijt en dat vind ik heel fijn."

Yn folle konsintraasje sit Floris efter de piano © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg

By Floris draait it om freonskippen. "Ik heb veel muzikale vrienden: Lex Jasper, Mike Boddé en Rob van Bavel." It binne bekende nammen yn de jazzwrâld. "Die stimuleren mij heel erg."

Hoe't syn takomst derút sjocht, wit de jonge pianist noch net. "Ik hoop dat ik gewoon zover mogelijk kan komen. Het gaat mij niet om beroemd worden, het gaat mij om de lol."

De Muziekwedstrijd is in lanlike online kompetysje fan it Prinses Christina Concours foar bern fan 4 oant en mei 12 jier. Meidwaan kin troch in fideo fan in optreden yn te stjoeren. Dat hoecht net op it poadium opnommen te wêzen, mar kin ek by de muzykles of thús. Dit jier wiene der mear as 400 filmkes ynstjoerd.