Nederlânske oerrabyn ropt Joaden yn Ljouwert op har net yntimidearje te litten

Oerrabyn Bynjomin Jacobs © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Joaden yn Ljouwert moatte net benaud wêze en harren aktiviteiten gewoan hâlden bliuwe. Dat sei oerrabyn Bynjomin Jacobs, dy't op besite wie yn Ljouwert. "We moeten niet bang zijn en ons laten chanteren en intimideren."

Yn de Joadske skoalle spruts Jacobs dúdlike taal. Hy fernimt ek yn Ljouwert dat de eangst tanommen is sûnt de oarloch yn Israel en Gaza.

As gefolch fan alle spanningen giene yn Nederlân ferskate Joadske aktiviteiten net troch. "Maar daar ben ik het niet mee eens. Gewoon doorgaan. En als er extra beveiliging bij moet, dan moet dat maar. Ik ben niet bang."

De oerrabyn foar de seal mei belangstellenden © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It Centrum voor Documentatie en Israël (CIDI) makket him soargen. Ut sifers docht bliken dat it oantal meldingen sûnt it begjin fan de oarloch op 7 oktober mei 800 persint tanommen is.

Jacobs skrikt dêr lykwols net fan. "Ik denk niet dat er meer antisemieten zijn in Nederland. His alleen wel salonfähig geworden om je te uiten over Joden. En dat ondervind ik dagelijks aan den lijve als ik nageroepen word."

Jacobs troch ien fan de âlde skoalleraamkes © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Yn Ljouwert waard ûnder oare praat oer it Chanoekafeest dat nije wike fierd wurdt. De fraach is hoe't dat feest fan acht dagen feilich fierd wurde kin.

Ferline jier barde dat op it plein neist de skoalle. "En dat moet weer, in het openbaar. Het is een feest van licht en dat kan duisternis, discriminatie en duisternis verdrijven."

It Chanoekafeest begjint nije wike tongersdei. Joaden oer de hiele wrâld fiere dan it wûnder fan de Tempel fan Jeruzalim: in menora-kandeler bleau acht dagen lang baarnen, wylst der mar oalje foar ien dei wie. Itselde type kandeler wurdt noch altyd troch Joadske minsken oanstutsen foar it feest.